De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
woensdag 23 mei

Geloof & Kerkwoensdag, 5 november 2003

NBG fiert 25-jierrich jubileum fan Nije Fryske Bibel
‘Komme ta in folslein minske yn de eigen taal’
Skearnegoutum - Dit jier is it 25 jier lyn dat de Nije Fryske Bibel ferskynde. In moaie oanlieding foar it Nederlands Bijbel-genootschap (NBG) om dat sneon 8 novimber feestlik te betinken. Ien fan de sprekkers is Coby de Boer-Bergstra út Skearnegoutum, dy’t fjirtjin jier lang tsjerklik wurker wie yn Britswert en Wiuwert. Op de byienkomst sil De Boer yngean op de betsjutting fan de Fryske Bibel foar it Fryske tsjerkefolk.

GERBRICH VAN DER MEER
It is 3 jannewaris 1915 as dűmny Wumkes op in sneintemoarn de tsjerkeried fan Tsjom meidielt dat er de tsjinst yn it Frysk hâlde sil. As er efkes letter de groet en de bemoediging yn it Frysk útsprutsen hat, giet in gemeentelid stean. It is Geartsje Visser, dy’t de letter histoarysk wurden wurden útsprekt: ,,Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke. Se is noch net útsprutsen of se stapt de bank út en ferlit de tsjerke. ,,It moast foar de helsdoarren weiskuord wurde, om it Frysk troch de tsjerkedoarren te krijen’’, fertelt Coby de Boer-Bergstra. ,,Ein njoggentjinde, begjin tweintichste ieu kaam der lykwols dúdlik mear each foar de eigen identiteit. Mar guon wiene dy tiidsgeast al fier foarút. Sa kaam der yn 1854 al in Fryske oersetting fan it Matheusevangeelje út fan de hân fan ds Joast Halbertsma (1789-1869-red.). Gerben Colmjon (1828-1884-red.) folge yn 1879 mei de oersetting fan it evangeelje fan Lukas. Ek bestiene der doe al eigentiidske Fryske oersettings fan wat psalmen. Mar de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 foarme in bysűnder wichtige ympuls foar it Frysk yn tsjerke, hoe muoisum de oprjochting fan it selsskip ek gie.’’

Wumkesbibel

Foar in soad minsken is de Wumkesbibel in begryp. Yn 1943 kaam it mânske boekwurk út, midden yn ’e oarloch. ,,Dat wie oars noch net sa maklik’’, fertelt Coby de Boer, ,,de Dútsers wegeren om papier te leverjen, mar lokkich hie útjouwerij Jongbloed noch genôch papier lizzen en koe it printsjen fan de oersetting fan dr G.A. Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma gewoan trochgean. De presintaasje fan dy bibel waard in yndrukwekkend barren. Der kamen sa’n soad minsken op of, dat se net iens yn de Grutte tsjerke fan Ljouwert - mei 2500 plakken - hâlden wurde koene. Yn sân hasten binne der doe noch minsken yn in oare tsjerke űnderbrocht.’’
,,De Fryske oersetting fan it belangrykste boek fan ’e wrâldliteratuer hat it Frysk op in heger plan brocht’’, ornearret De Boer. ,,Shakespeare wie al yn it Frysk oerset en ek oare heechsteande wurken. Mar dat wiene dúdlik boeken foar de elite. De bibel is lykwols foar Jan en alleman ornearre. De Fryske oersetting fan de bibel makke dúdlik dat it Frysk oeral foar brűkt wurde kin, foar fleurige, mar ek foar earnstige en djipsinnige saken.’’

Nije Fryske Bibel

Tiden feroarje. Benammen de taal fan de Wumkesbibel wie op in stuit net mear fan dizze tiid en der kaam mear ferlet fan in eigentiidske Fryske Bibel. It NBG koe kieze: of de grűntekst foarop stelle en dy sa wurdlik mooglik werjaan of kieze foar in oersetting dy’t ticht by de minsken stiet. It genoatskip keas foar de twadde opsje en de útjefte fan de Nije Fryske Bibel wie it risseltaat. Daliks kaam der krityk; op de aard fan de oersetting en de wurdkar. Sa soe de hantearre taal net altyd Frysk genôch węze: der waard ‘achter’ brűkt ynstee fan ‘efter’, ‘pryster’ ynstee fan ‘preester’. As reaksje op de Nije Fryske Bibel waard yn 1994 De Fjouwer Evangeeljes útjűn. Dochs is de Nije Fryske Bibel al dy 25 jier yntins brűkt en it docht bliken dat er noch altyd ‘by de tiid’ is.
Coby de Boer preket sels in soad yn ’e provinsje en as it even kin docht se dat yn it Frysk. ,,‘Hoe hawwe wy it yn ’e kop krigen om by ús yn tsjerke in Hollânske liturgy te fieren’, sei in frou ris tsjin my, doe’t ik in Fryske tsjinst hâlden hie. ‘Wy hawwe de boat fan ’e reformaasje mist’, wie myn beskie. Sjoch, hiel wichtich by de reformaasje wie de gedachte dat eltsenien de mooglikheid hawwe moast om de bibel yn syn eigen taal te lęzen. Luther sette de bibel yn it Dútsk oer, en ek yn Hollân kaam yn dy tiid in steate-oersetting. Mar fan in Fryske oersetting kaam it net, ek al hat Gysbert Japix (1603-1666-red.) wol psalmen oerset. Sa waard de liturgytaal yn de Fryske tsjerken Hollânsk. En as jo ieuwenlang allinnich mar Nederlânsk yn tsjerke hearre is it foar guon blykber dreech om dy omkear te meitsjen.’’

Posityf

Coby de Boer kriget oer it generaal allinnich mar positive reaksjes fan it tsjerkefolk. ,,‘It komt folle tichterby’, sizze se dan, of ‘it rekket my folle mear’. Ut űndersyk fan de Fryske Akademy docht ek bliken dat der hieltyd mear minsken binne dy’t in foarkar foar it Frysk hawwe of dy’t it neat útmakket yn hokker taal de tsjinst hâlden wurdt. Dy positive of neutrale hâlding hat der ek mei te krijen dat de jongerein minder belęstige is mei in Nederlânske tradysje.’’
It gebrűk fan Frysk yn ’e tsjerke nimt noch hieltyd ta, ek binne der Fryske wurkferbannen yn Hjel-beam, Sleat, Hantumhuzen, Earnewâld en Hegebeintum dęr’t yn ’e earetsjinst allinnich noch mar Frysk klinkt.’’ Yn de praktyk fan har wurk sjocht Coby de Boer hiel moai hoe’t gemeenten in plak jouwe oan it Frysk. ,,Yn Boazum wolle se yn alle tsjinsten har eigen taal hearre. Oan it begjin en oan it ein fan ’e tsjinst wurdt dęrom altyd in Frysk liet songen.’’ Eins soe De Boer it dan earliker fine as se dan by in Fryske tsjinst mei in Nederlânsk liet begjinne en ôfslute soene. ,,Mar dęr wolle se net oan’’, fertelt de âld-tsjerklik wurker. Coby de Boer is in grut foarstander fan twataligens yn tsjerke. ,,Frysk en Nederlânsk wurde hjir beide sprutsen, litte ús der dan ek soepel gebrűk fan meitsje. It is my noch te folle of...of, ynstee fan en...en.’’
De Boer wit wol dat der noch altyd minsken binne dy’t muoite hâlde mei Frysk yn ’e tsjerke. ,,It Frysk leit noch altyd hiel emosjoneel. De memmetaal komt dan foar in soad tichteby, foar guon komt it blykber te tichtby. Miskien hat dat ek noch wol te krijen mei in minderweardichheidskompleks. Soms fine se it ek net ‘ferheven’ genôch, en dat wylst Jezus ek gewoan yn it Aramees, syn eigen folkstaal, spruts.’’

Heil fan God

,,Ik haw yndertiid les hân fan ds Altena, in Hollanner, dy’t him der sa oer fernuvere dat der noch sa’n soad Friezen wiene dy’t agearren tsjin it Frysk yn tsjerke. Hy skreau der in artikeltsje oer mei de dűbelsinnige slotwurden: ‘Of komt het dan al te na?’.’’
Bernard Smilde gong yn it Reformatorisch Dagblad ek al ris yn op dy emosjonele kant: ,,Uit Handelingen 2 blijkt dat God de mensen op het pinksterfeest wilde aanspreken in hun eigen taal. Natuurlijk konden die mensen daar ook Hebreeuws verstaan, maar God wilde het in hun eigen taal zeggen. Dat is het. Want die taal zegt iets over je kern, over je diepste gevoelens. Daar zit je liefde, maar daar zit ook je verzet. En dat verzet moet de Heilige Geest breken. In je eigen taal’’. Coby de Boer kin har dęr wol yn fine: ,,As jo yn jo eigen taal oansprutsen wurde, wurde jo mear in folslein minske. Je wurde dan ommers akseptearre sa’t je binne; je meie jesels węze en burgen witte. Dat rymt no krekt mei it heil fan God.’’
Neist Coby de Boer komt Haaije Feenstra fan it NBG oan it wurd. Fierders sil dr B. Smilde gear oer de skiednis fan de Nije Fryske Bibel. Ek wurdt der út de Fryske bibel lęzen en wurdt der songen űnder lieding fan Hindrik van der Meer. De gearkomste begjint 8 novimber om 14.30 yn de Kuriostsjerke, Julianaleane 38 yn Ljouwert.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

Geloof & Kerk
Familieberichten
Advertenties