De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
woensdag 23 mei

Cultuurwoensdag, 4 februari 2004

Rely Jorritsmapriis no ek foar jongerein
Ljouwert - De priisfraach fan it Rely Jorritsma Fûns bestiet dit jier fyftich jier. Yn ferbân mei dat jubileumjier is der foar it earst in Junior Rely foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis mei 750 euro oan prizejild, sa hat de organisaasje tiisdei bekend makke.
Fan 16 febrewaris ôf binne op de sides www.doar.nl en www.afuk.nl. acht foto’s te finen om de jongerein te ynspirearjen wat te skriuwen yn it Frysk: in koart ferhaal, in gedicht, in opstel, in sjongtekst of rap of in fertaling dêrfan, in ynterview of in ynteressante brief of in Loesje-eftige tekst. It risseltaat kin oant 1 maaie ynstjoerd wurde. De sjuery foar de Junior Rely wurdt foarme troch Arjen Hut , Ernst Bruinsma, Baukje Wytsma, Wieberen Peenstra en Aafke van der Hem.
Dêrneist wurdt der ek wer in priisfraach útskreaun foar oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen kinne ek ornearre wêze foar bern. Oan prizejild is 5.000 euro beskikber. De sjuery wurdt foarme troch Tsead Bruinja, Mirjam Vellinga en Jelle van der Meulen. Ek foar dizze priisfraach is de slutingsdatum 1 maaie. It reglement is op te freegjen fia lscarse@littenseradiel.nl.
Beide prizen wurde yn oktober 2004 útrikt.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties