De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
woensdag 22 november

Dossierdonderdag, 1 april 2004

Voorstanders van het eierzoeken:
‘Sûnder aaisykjen is der ek gjin neisoarch’
Leeuwarden – Het aaisykjen kan geen kwaad, menen de voorstanders van het rapen van kievitseieren. Fryslân is de enige provincie waar het zoeken naar en rapen van kievitseieren wordt toegestaan.
Directeur Ultsje Hosper van It Fryske Gea:
,,Wy binne de iennige natoerbeskermingsorganisaasje dy’t it aaisykjen tastiet. Fanút ús leden komt der hieltyd mear krityk op, mar dochs steane wy it ta om’t wy de positive effekten grutter fine as de negative. It positive is de grutte belutsenheid fan neisoargers, fjildminsken by ús gebieten. By in aaisikersferbod soene de neisoargers mooglik tsjinoer ús komme te stean en dat wolle wy net. Dy minsken helpe ús by de ynventarisaasje fan ’e nêsten, de nêstbeskerming en –soargje ek foar it spontane tasicht. Dat is ús hiel wat wurdich.’’
Jaap Mosselaar, bestuurslid van de vogelwacht Trynwâlden, die vanavond het 25-jarig bestaan van de wacht viert:
,,Ik bin bliid dat it aaisykjen oan de neisoarch keppele is. Dat heart by elkoar. Foarhinne wie it hiel drok yn it lân. De lêste jierren is in stik minder drok wurden. Eins is de neisoarch noch moaier as it aaisykjen. Je hawwe dan net sa folle konkurrinsje yn it lân en je hawwe it idee dat je wat goeds dogge. As fûgelwacht ha sûnt in pear jier in jeugdfûgelwacht. Wy ha as neisoargers in pear jeugdleden mei as staazjerinners. Nei ôfrin moatte se in eksamen dwaan en kinne se in brevet of in diploma krije. Dat is hartstikke moai.’’
Joop Ludema, voorzitter van de vogelwacht uit Burdaard:
,,It aaisykjen docht net folle kwea oan ’e fûgels. De minsken dy’t dat wol fine, ha gjin ferstân fan hoe’t it yn ’e natoer wurket. As je der mei opgroeid binne, witte je dat de fûgels wol wer lizze. Boppedat hoe kinne je no oan neisoarch dwaan as je net aaisykje kinne. Je moatte de aaien ommers wol fine kinne. It bêste is om der fan jongsôf mei te begjinnen.’’
Hepke Bijma, voorzitter van LTO in Fryslân:
,,Ik ben geen principiële tegenstander van het eierrapen. Zolang niet is bewezen dat de sport schadelijk is voor de vogelstand, heb ik er geen problemen mee. Ik vind wel dat een overheid het zorgvuldig moet begeleiden.’’

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

dossier
Familieberichten
Advertenties