De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
woensdag 22 november

Cultuurwoensdag, 12 januari 2005

Dichtbondel Kaspersma yntinse nderfining
Fuorgen fan it libben
PIER BOORSMA
Fan Jelle Kaspersma is bij tjouwerij Venus in seleksje t syn dichtwurk ferskynd nder de titel De lije side fan e tiid . Dy seleksje fan goed fyftich fersen is troch de tjouwer yn gearwurking mei de dichter makke t san fjouwerhndert fersen, dyt Kaspersma yn e rin fan tritich jier skreaun hat.
De skriuwer Josse de Haan giet yn in neiwurd yn op de pozy fan Kaspersma. Hy skriuwt: ,,Op de lije side fan e tiid wurde gedichten tastien, foar skriuwer en lzer, mar op de wrede side hat de mins neat mear yn te bringen. Dat is de ein, de dea. De tematyk fan de dichter is it skriuwen sels, de natoer, de wredens fan de tiid, de dea en de ferstoarne leafste.

Fiskerstermen

Kaspersma hat in skoft wurke op in fiskersboat. Yn it gedicht, dat hij droer skreaun hat, brkt hij fiskerstermen, dyt net yn it Frysk wurdboek foarkomme mar dyt sfearbepalend binne lykas yn it fers Winter 1962-1963:
nei in strieminne teelt fol rein en stoarmen
hat de winter de see by staveren de bek bn
yn it opper fan e fslach
kypje de nikkel prmkjende en van nelle
smokende fiskerlie
nder de rnen fan harren klotsen wei
de fierte yn drt mokken omsweve
faaks leit it dr iepen
de stive eastewyn twingt de hannen yn e bse
de froast hat de kotters oan e wl soldearre
der is neat te ferstriken
de beugen binne butke
foar piksjitten is it te kld
fergees harkje hja moansier
nei it earste sein fan e maitiid:
de iisbrekkende teiwaarwyn
It tema fan de ferstoarne leafste komt op navrante wize ta utering yn it folgjende fragmint t it fers Gedicht:
nuver
sa fytse je tegearre op snder erch
rke neat en hawwe in skoander doel
dan feroaret inkele dagen neitiid
it ljocht yn twa eagen
hja keare ta nacht ta wjirmen ta stof
frjemd
komt elts moatten jin dan foar
nder dizze swarte himel
opfytse mei jinsels
nei neat
Kaspersma besiket soms mei wurden de tiid te beswarren om sa syn leafste werom te krijen. Hjir folget in fragmint t it gedicht Foar de winterstoarm, dat dit beswarrende karakter sjen lit:
ik wachtsje op sinneljocht fan winter
en freegje om e nocht wannear komst werom myn fanke
jou my dyn waarmens en hldfst
folje dat ferdomde lege plak njonken my mei dyn opteinens en laitsjen
ik soe dy wol lke wolle t it swijen fan it feale antlit
dat no ferskynt as it bewuolle each fan skepping
en myn hannen geane omdoch omheech
De dichter kin skriuwe en freegje wat er wol, mar hy sil him dellizze moatte bij de wredens fan e tiid.
De pozy yn dizze bondel lit de fuorgen sjen, dyt yn it libben fan de dichter troch de tiid lutsen binne. De pine fan it libben krijt syn plak snder dat de dichter sentiminteel wurdt. It lzen fan dizze bondel is soms in yntinse nderfining, dyt jin ta refleksje bringt oer de wederwaardichheden, dyt it libben yn hawwe kin.
De lije side fan e tiid. In kar. Jelle Kaspersma. Utjouwerij Venus, Frjentsjer. Priis: 8,50 euro

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties