De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
vrijdag 25 mei

Cultuurmaandag, 22 januari 2007

KFFB komt mei autobiografy Piter Terpstra
Ljouwert - De Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) komt mei in autobiografy fan skriuwer Piter Terpstra. Dat is sneon bekend makke by de jiergearkomste fan de Fryske boekeklub yn Ljouwert. ,,Wy hawwe it manuskript dêrfoar, dat letterlik mei de hân skreaun is, krigen fan de famylje fan Piter Terpstra om der in moai boek fan te meitsjen”, sei bestjoerslid Dick Eisma.
It manuskript wie foar in part úttypt. De rest wie mei de hân skreaun en dat hat de KFFB úttype litten. Piter Terpstra, dy’t in jier lyn yn de âldens fan 86 jier ferstoar, hie it ferhaal noch net hielendal ôf. Hy hie ek noch gjin yndieling makke. Neffens Eisma wie it gjin sinekuere om yn in oar syn wurk in struktuer te meitsjen. De KFFB hat dat wurk tabetroud oan Jacobus Knol fan Dokkum. As alles meisit, ferskynt it boek fan likernôch fiifhûndert siden foar de ein fan dit jier.
Terpstra skreau sa’n 125 boeken, yn sawol it Frysk as it Nederlânsk. De KFFB brocht fan de skriuwer dy’t yn Ljouwerte berne is en letter ferhuze nei Amsterdam, fjouwer romans út. Bekendheid krige Terpstra doe’t er nei de dea fan syn freon Havank - pseudonym fan H.F. van der Kallen - yn 1964 de bekende detektive-rige oer de speurder De Schaduw, oftewol detektive Carlier, fuortsette. Mear as tweintich dieltsjes hat Terpstra yn dy pocket-rige skreaun.

Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties