De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
woensdag 25 april

Cultuurdinsdag, 26 februari 2008

Grutste wrakseling wurdt net útdjippe
JAAP KROL
Sigrid den Oudsten is de bęste freondinne fan Anke Terpstra, dat witte alle fans fan Riek Landman. Tegearre hawwe se al hiel wat misdieden oplost. Sigrid hat de plysje lykwols ferlitten en wurket no foar in projektmakelder. It űndersykplak foar har nije baas is lokalisearre op it âlde bunkerterrein by Sondel, in oerbliuwsel fan in Dútske radarpost. As se oer dat terrein rint en werom tinkt oan de tiid dat se hjir as jongfaam yn it lettere fakânsjekamp wurke, falt har each op in bonke by in bjirkebeam. It docht bliken dat űnder dy bonke in geheime kelder sit. It bloed krűpt fansels dęr’t it net gean kin, Sigrid wol dit riedsel oplosse.
Oars sein: mei de nije bestimming fan it terrein, wurdt der in âld geheim űntbleate. Se wit lykwols net dat se besjoen wurdt troch in man; in man dy’t net sjoen wurde wol. Mei help fan Anke en eks-kollega Oevering wurdt de sirkel om de bonke hieltyd lytser. Wichtige boarnen fan ynformaasje foar Sigrid binne lokale lju: allegearre man-lju, autochtoanen, mar ek eardere flechtlingen út de Twadde Wrâld-oarloch. Fraach dy’t by my riist is: wa fan al dy manlike ynformanten is de man yn it swart? En wat is it geheim fan dizze man? Yn in benearjend slothaadstik yn de kelder űnder de bjirkebeam komme alle troch Landman útsette linen gear.
Sigrid is oer de fjirtich. Tiid dus om werom te sjen nei fakânsje fiere yn eardere, űnskuldige tiden. Eins belibbet se dy tiid op ’e nij - mar dan yn alle earnst. Dęr heart spanning by: rabberij, tsjustere geheimen en aksje, yngrediënten dy’t oan de skriuwster wol tabetroud binne. Eins is Fammen fan Gaasterlân troch syn praktyske en avontoerlike karakter in echt jongesboek. In spannend boek, mar ek in flak boek.
Sigrid kin typearre wurde troch in lytse hanneling. As se by har eks-kollega Oevering yt, kriget se in glęs wyn oanbean. Mar Sigrid hâldt de hân boppe it glęs en seit: ,,Ik moat miskien noch autoride.’’ (side 73). Sigrid is sá reedlik, dat se net benei te kommen is. Krekt as se in gesellich, miskien spannend itentsje hat, drinkt se net. Krekt as se op it punt komt dat se har seksualiteit oertinkt, wurdt de kwestje oplost mei dizze sin: ,,Gelokkich hoecht se der nimmen in ferklearring fan te jaan, want se soe it net útlizze kinne.’’ (side 67). En hup, speure mar wer. Ik stel dit, om’t de misdied dy’t bedreaun is, net samar in misdied is. Miskien wol de grutste wrakseling yn it libben foarmet de kearn fan dit ferhaal, mar krekt dizze wrakseling wurdt troch de personaazjes net belibbe. Dęr binne se te reedlik, te freonlik foar - Sigrid foarop.
Ik fernuverje my dan ek net oer it provinsjalisme fan dizze minsken. Fammen fan Gaasterlân is ek in lofsang op de űnskuld, op gekjeie yn it bosk en kanon sjonge by de gitaar. Mar Landman har personaazjes binne sá űnskuldich dat de hanneling, tins of dialooch faak űnhandich wurdt. Oer it wurk op de radarpost skriuwt Landman bygelyks: ,,Der is gjin sprake fan oarlochshannelingen.’’ (side 29). Sa formulearre doocht it net, want wurkje op in radarstasjon is fansels wol in oarlochshanneling. Om de klű net te ferklappen bliuw ik no wat faach, mar ik móat stelle: wat der oer dy wrakseling sein wurdt űnderoan side 97 is yn dit ferbân grutte űnsin.
Dan noch wat. Hoe kin in boekewikegeskink, bedoeld om boeken űnder in sa grut mooglik publyk te promoaten, sa oerladen węze mei set- en taalflaters? Utjouwers yn Fryslân? Is it no echt net mooglik om foar in kratsje pils it neutrale each fan in bűtensteander der in kear oerhinne gean te litten? Foei!
Fammen fan Gaasterlân. Riek Landman. Friese Pers Boekerij, Ljouwert. It Fryske Boekewikegeskink is fergees by oankeap fan 9 euro oan Frysktalige boeken.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties