De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.

zaterdag 16 december

Sportdinsdag, 19 mei 2009

In ‘eigenwiis’ blęd mei each foar keatsen en taal

Bűten alle media om dy’t alle dagen wer besykje it lęste keatsnijs te bringen is der yn keatslân ien blęd dy’t ienris yn it jier foar de fuotljocht komt. It is De Keatsfreon, gearstald troch ‘De Vrienden van het Kaatsmuseum’. Yn april ferskynde it fiifde nűmer-nije styl en sa’n earste lustrum raast fansels om wat spesjaals, sa betocht de redaksje. It risseltaat: in mânsk nűmer (64 siden) mei in ryk ferskaat oan artikels, yllustrearre troch prachtich, meast full colour byldmateriaal.

Edward Jorna
Wat dat lęste oanbelanget: ien fan de njoggentjin artikels yn De Keatsfreon giet oer fotograaf Gert Gort fan Harns. Sűnt de PC 1993 is Gort, dy’t in soad foar it Friesch Dagblad docht, mei syn kamera op de keatsfjilden te finen. Hoewol’t er sels as Harnzer net grut brocht is mei it keatsen, fynt er it machtich om te dwaan. Mar ja, like maklik is it altiten net. Want wat te dwaan mei 5-5 en 6-6? ‘Dat is voor een kaatsfotograaf een drama!’, fynt Gort. ‘Je wilt de winnaar in beeld. Je zit dan met het dilemma: moet ik de camera richten op de opslager of op de perkspeler? Eigenlijk zit ik in dezelfde situatie als de kaatser. Wij krijgen beiden maar één kans’.
It moaie fan ien kear yn it jier ferskine is dat je sa hearlik ‘eigenwiis’ węze kinne. De Keatsfreon is it. It sjocht net om nei de aktualiteit mar de redaksje wurket wol binnen de (eigen) fęststelde kaders. ‘It giet ús om langere en koartere bydragen op it męd fan de keatshistoarje, fan de sosjaal-kulturele aspekten fan it keatsen en fan de keatsdokumintaasje’, sa wurdt yn it foaropwurd sein. In hiele műle fol, mar mei (keats)histoarikus Pieter Breuker (earder dosint Frysk oan de univisiteit fan Grins) yn de redaksje sit it wol goed mei it fęstlizzen fan de keatshistoarje yn de Fryske taal.
It moaie fan in ferhale- en gedichtebondel is dat der altiten wol wat bysit dat jo persoanlik rekket. Ik hie dat benammen by it ferhaal oer de Bildtse skilder Hendrik Elings. Yn myn tiid as jongeskeatser wie St. Anne ien fan de allerbęste ôfdielingspartoeren en it heucht my dat Hendrik yn dat partoer net in soad űnder dy foar de lettere haadklasser Pieter Tienstra.
Tink ik oan Hendrik Elings, dan tink oan de Freule fan 1984. Sels sieten myn maat Pyt en ik oan ’e kant op in bankje ta te sjen. Guus wie thúsbleaun, poer dat er wie dat de sekretaris fergetten hie om ús op te jaan. Syn frijkaartje mochten se om syn part yn de Wytgaardster Feart smite. Soms rin ik it soantsje fan de sekretaris tsjin it liif. No healwei de tweintich, doe in lytse poppe dy’t it opjeftebriefke yn de boks weibarge hie...
Mar hawar, werom nei Elings en de Freulefinale fan 1984 tsjin Arum mei dęryn de grutte man Gerben Okkinga. Yn 1982 hie er de tredde priis wűn, in jier letter de twadde en no soe it syn dei wurde... Mar ja, de Bilkerts woene net echt meiwurkje. It waard fiif earsten gelyk en op in stuit seis-twa foar St. Anne mei in keats op de stuiten. ‘Niet op Gerben’, moat Elings Tienstra yn it ear flústere hawwe. Dy wie fansels ek net gek en joech him oan de platte kant op foarynse Johannes van IJs. Mar Okkinga’s maat die wat er dwaan moast. Hy skuorde de bal troch de hoeke en dęr stie Elings yn it hoekje by de boppe. Ik leau dat er de bal noch al rekke, mar al hoe atletysk as der ek wie, dit putsje wie te dreech foar him... Net folle letter stiene de Arumers yn de krânsen.
Yn it ferhaal mei Elings beskriuwt ynterviewer Pieter de Groot hoe’t it sulveren horloazje fan de Freule fan 1984 yn it finsterbank fan syn atelier leit. ‘Het loopt al lang niet meer’, seit Elings. It is miskien wol typearjend foar de leafde fan Elings foar it keatsen dy’t stadichoan oerwaaid is. Elings, dy’t bekend wurden is mei bisteskilderijen, makke yn 1998 yn it ramt fan de fiering fan ‘Fryslân 500’ in prachtich portret fan Hotze Schuil, mar dęr bleau it by wat syn skilderkeunst fan it keatsen oanbelanget. Elings, neist skilder en muzikant in leafhawwer fan wetterpolo, makke wol in searje skilderijen ynspirearre op it swimbad, mar in searje oer it keatsen sil der wol noait komme. ‘Ik dink niet dat ’t soafeer komt. Dan wort ’t folklore en blyft ’t in ’t anekdoatise hangen. Te Jopie Húsmanachtig, met ’n kaatsbal en ’n kaatshandskoen. Dat sentiment sait my niks.’
Hjir en dęr binne de ferhalen yn De Keatsfreon dreech te lęzen, mar de echte keatsleafhawwer sil him dęrtroch net ôfskrikke litte. Boppedat is der ek romte foar poëzij, lykas it gedicht dat Meindert Bylsma yn 2003 skreau. Bijlsma waard 11 november 1941 yn Wergea berne en moat - sjoen it gedicht - letter yn Wurdum wenne ha.

In keats te fier

Ik stelde, doe’t Fligenier en Brandweerautobaas ôffoelen, foar ’t Grutte Spul mei Wurdum-Wommels-Frentsjer.
Yn Wurdum, troch de wâl fan wetterwylgen om ’t hof fan ’e pastorijetún hinne, bekipe Rinse Brink teműk it keatsfjild. Nettsjinsteande it hofkesjongen woe er my grif syn segen noch wol jaan. De keunst soe ’k ôfsjen fan Douwe Hilarides en Jehannes Dehoux. Sjoen haw ik, mar de keunst...en ek de segen...
Wommels ha ’k noch helle, mei Frâns en Henky. Frâns foar bęst op en efteryn, Henky foar minst en foaryn. Ien omloop op ’e Terp, it Sjűkelân net mear te beslaan.
Mar de ballen fan it libben dy’t op my ôfkamen ha ’k altyd besocht mei fjoer en faasje te kearen.
Foar de dúdlikheid: Douwe Hilarides silger is de pake fan de PC-kening fan 2008 Douwe Groenendijk en de markante Jehannes Dehoux (fan it hotel yn Wurdum ja) sette de sponsoring fan it frouljuskeatsen op poaten. As it heal kin is er noch altiten by it keatsen. En och, soe Henky dé Henky Bilstra węze, dy bęste man dy’t altiten foar it perk delrűn krekt as ik opslaan moast?
Lytse wrâld, dy keatserij. Mar moai dat De Keatsfreon en ‘De Vrienden van het Kaatsmuseum’ der binne. Ein 2008 hie de klub 410 leden. It doel is tenearsten om 500 leden te krijen. Wat mear keatsfreonen wat better, soe ’k sa sizze.
i De Keatsfreon is in útjefte fan ‘De Vrienden van het Kaatsmuseum’ en ferskynt ien kear yn it jier. Losse nűmers jilde 7,50 euro en binne űnder mear te krijen fia Jan Metselaar fan Deinum (058-2542654). Leden fan ‘De Vrienden van het Kaatsmuseum’ krije De Keatsfreon fergees tastjoerd. It lidmaatskip is 10 euro yn it jier.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

sport
Familieberichten
Advertenties