De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.

zaterdag 16 december

Cultuurmaandag, 14 september 2009

Campingkonsert fan teater Snits grut sukses
Gerbrich van der Meer
De lste donkere wolken lutsen krekt oer doet foarsitter Klaas Visser fan toanielferiening Teater Snits in unyk iepenloftkonsert iepene op Camping Pasveer yn Loaingea. Fergees, mar it publyk moast wol soargje foar eigen stuollen, hie op de affiches stien. Gjin probleem. Yn e autos wie gench plak. Fleurich fytste mannich fytser mei stoel yn e hn of efterop it sitsje it hiem fan de famylje Hoekstra op, de eigners fan de camping.
Wylst de autos op de Ljouwerterdyk monotoan foarby stoden, stiene en sieten 300 minsken om trije oere klear foar it konsert. Spesjaal foar dizze gelegenheid hiene de Snitser Fanfarekorps de Harmonie en de kristlike muzykferiening Concordia t Drylts de hannen yn inoar slein. It gehiel stie nder lieding fan dirigent Jan Hibma.
Mei soarch hie de organisaasje socht foar in passend dekor. Wylst oan e iene kant fan it ynstekhaventsje it publyk siet, siet dr rjocht foaroer it korps mei drachter in platboaiem mei brune seilen. It lytse boatsje dat foar it korps yn it wetter lei, wie ornearre foar dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler.
It korps dat twa jier lyn noch mei teater Snits meiwurke hie oan it iepenloftspul Fanfare, sette t ein. It wie troch de stve wyn net maklik spyljen, mar lokkich holden de knipers de measte partijen goed op de lessener.
Bysnder wie de bydrage fan Yva Hokwerda, dyt tusken de muzykwurken troch foardroech t eigen wurk Eins wie dat har pseudonym ferklapte se daliks. ,,Gewoanwei bin ik Ytje Hoekstra en ik bin hjir op e buorkerij grut wurden." De ferzen dyt se foardroech, hiene dan ek allegearre te krijen mei har jonge jierren op e pleats. Wylst de sinne trochbruts, ferhaalde se oer har heit, oer har langstmen en har ferlerne jonkheid.

Subsydzje

Minsken lke minsken. Nei it skoft, de jassen koene ndertusken noflik t, wiene der hast fiifhndert minsken fan e partij om te harkjen nei it twadde part fan it konsert: Gerrit Breteler en pianist Gerrit Hager. Syn ballades foelen goed yn e smaak. In pear lieten waarden begelaat troch it nfersterke korps. Spitigernch foel dat fuort tsjin de fersterke piano, mar der kaam in werknsing. Oan e ein fan it konsert koe it korps him nochris jilde litte mei it liet Op een dag drink je geen Grolsch meer, dat fleurich meisongen waard troch it publyk.
Dat it konsert fergees wie hie alles te krijen mei in subsydzje dyt Teater Snits taskikt krigen hie. Wethlder Hans van den Broek hie yndertiid foar de produksje fan de Fanfare yn 2006, by de Stverse Bruggen, in bedrach fan 20 tzen euro tasein. Letter kaam er drop werom. Uteinlik waard it in rjochtsaak. Lang om let krige Teater Snits in subsydzjebedrach fan 1500 euro. Besmet jild, neamde de foarsitter it. Mar drmei koene se wol in feestje bouwe: dit evenemint. It konsert kriget fst in ferfolch, sleat de foarsitter tefreden f, mei sok waar, san soad minsken en sokke moaie bydragen koe it barren net mear stikken.
iIepenloftkonsert mei Snitser Fanfarekorps de Harmonie en Concordia t Drylts, dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler, Camping Pasveer yn Loaingea, 450 besikers

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties