De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
donderdag 26 april

Cultuurmaandag, 4 oktober 2010

Skriuwer en dichter Harmen Wind ferstoarn
Doesburg - De Fryske skriuwer en dichter Harmen Wind is ôfrûne freed ferstoarn yn syn wenplak Doesburg. Hy wie al in skoft slim siik. Wind kaam yn Ljouwert te wrâld op 24 desimber 1945, mar brocht syn bernejierren troch yn Aldeboarn. Nei de kweekskoalle gie er nei Amsterdam om Nederlânsk te studearjen. Joech er yn ’e santiger jierren earst Nederlânsk op It Hearrenfean, letter waard er learaar en direksjelid yn Doetinchem. Yn 1985 debutearre Wind yn it Frysk mei de dichtbondel Utein dêr’t er daliks de Fedde Schurerpriis foar krige. Fjirttjin jier letter skreau er syn earste Fryske roman: De izers fan ’e frijheid. De wurdkeunstner bespile yn syn literêre wurk sawol it Nederlânsk as it Frysk. It Nederlânsk soe mear de taal fan it ferstân wêze, syn memmetaal dy fan it gefoel. Dêrom skreau er de roman Het Verzet dêr’t de relaasje tusken heit en soan sintraal yn stiet en dêr’t er yn 2003 de Nederlandse debutantenprijs mei wûn, earst ek yn it Nederlânsk. It Frysk kaam te tichteby.
Yn Wind syn literêre wurk is dúdlik syn syktocht nei de sin fan it libben werom te finen. De poëzij joech him ek in soad romte te reflektearjen. Koartby kaam fan dizze warbere man de Nederlânske dichtbondel Kilroy út, in Fryske wie kommenderweis. Mei it ferstjerren fan Harmen Wind hat Fryslân in wichtich literator ferlern. Wind wurdt woansdei yn Doesburg te hôf brocht.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties