De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
maandag 26 februari

Cultuurzaterdag, 9 maart 2013

Tsjębbe Hettinga: master fan it streamende fers
Abe de Vries
Tsjębbe Hettinga (1949), dy’t juster yn ’e âldens fan 64 jier yn Ljouwert ferstoar nei in slimme sykte, wie foar alles in taalkeunstner. Net in filosoof, in grut tinker, in skerpe kritikus of in grapmakker yn taal. Noch in útfiner fan it tsjil of in betinker fan in folslein eigen wrâld. Hy wie in dichter dy’t him as gjin oar fan de muzikale en sensitive kwaliteiten fan it Frysk betsjinne. Of miskien brűkte de taal hím, wa sil it sizze. Him in sjonger neame, soe te maklik węze. Earder is syn folle, epysk-barokke poëzij te belústerjen, te űndergean, as in orkest op syktocht.
Sűnt syn optreden yn 1993 op de Frankfurter Buchmesse wie Tsjębbe Hettinga nasjonaal en ynter-nasjonaal it gesicht en de stim fan de Fryske poëzij.
It folsleine In memoriam fan Abe de Vries oer Tsjębbe Hettinga is hjoed te lęzen yn it Friesch Dagblad

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties