De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
vrijdag 21 juli

Cultuurmaandag, 3 juli 2017

Bauck yn Berltsum hat striidbere, mar ek sfte kanten
Elkenien dyt frne wykein de premjre fan Bauck bywenje sil hat him of har der op tared . De waars-omstannichheden yn it Hemmemapark fan Berltsum binne net krekt wat men oan it begjin fan de simmer ferwachtsje kinne soe by in iepenloftspul. Mei bakken komt it wetter t de loft. Mei gefolgen, dat publyk, mar ek spilers der lst fan hawwe.
De kop moat der goed by. Skriu-wer Sybe Joostema fn dat it ferhaal fan in fergetten froulike striidsters foar de Fryske saak noris oan in breed publyk tlein wurde moat. En terjochte. Dat docht bliken dizze jn.
De foarmjouwing fan de haven fan Skylge, wat letter it kastiel fan Berltsum blykt te wzen, is moai delset op de rne by it parkwetter. Ferskate ferfiermiddels oer wetter wurde ynset om de oanwzigen yn de sfear fan de Midsieuwen te bringen.
Uteinlik bedarret Bauck, mei in eilanner brnmerk op de skouder fia Kimswert yn Berltsum om de Fryske saak te ferdigenjen tsjin optwingerige fijannen. Fan in jonge rekalsitrante jonge faam feroaret se yn in Fryske frijheidsstrider. Marieke Swart, se kin moai sjonge, en Jantien Hoekstra sette Bauck op in oannimlike wize kreas del. De lilkens, mar ek de sfte kant fan it libben: de leafde, fermeitsje elkenien.
It is spitich, dat de ferhlding tusken muzyksterkte en sangstimmen de tekst lang net altiten fer-steanber makket. Benammen as der massale koarsang by belutsen is. It aggregaat hie justjes fierder fan it spylflak delset wurde kind. Dat steurde no. De klaaiing is ta yn de puntsjes fersoarge.
Regisseur Grytha Visser pakt t mei prachtige plaatsjes. Fierf en tichteby. Aksentuearre mei in moai ljochtplan. De massasnes by de fjochterij jouwe de eagen de kost. It wetter wurdt omraak brkt by de tafrielen.
,,Frysln mei nea Holln wurde!, raast Bauck van Hemmema op in gegeven stuit. In manmachtich selskip hat dit sjen litten. Mei hert en siel litte se sjen wat yn Berltsum teweech brocht wurde kin. Hulde hjirfoar!
Iepenloftspul Bauck; yn it Hemmemapark te Berltsum, troch Stichting Grut Hermana , skreaun troch Sybe Joostema; rezjy Grytha Visser; tal besikers: 500; noch te sjen op 5,7,8,12,14 en 15 july (alles tferkocht) ; ynfo: www.bauck.nl

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties