De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
vrijdag 19 januari

Cultuurmaandag, 8 januari 2018

Muzyk op en top yn Jouster nijjiersrevu
We dogge noch in rūnt-sje. De Nijjiersrevu de Jouwer hie it net better betinke kind. It waard ien grutte lofsang op de lźste rotonde yn it rykswegenet.
It publyk dat fan betinken wźze soe dat it oer in alkoholysk drankje gong, waard trouwens net echt teloarsteld. De ‘rūntsjes’ fan sjongen, muzyk en sketskes giene de hiele jūn troch. Leafst tweintich nūmers waarden troch de ploech nei foarren brocht.
Allegearre rūne ‘foarmen’ dy’t him ek ōftekenen yn it ienfāldige dekor. Goed betocht, mar by eintsje beslśt moat konstatearre wurde dat de Jousters better yn muzyk en sjongen binne as yn spyljen. Net dat dat lźste min wie, mar de muzikaliteit wint en net in bytsje.
Wat hat elkenien genietsje kind fan de meast jonge muzikanten, dy’t mei grut gemak de gitaar, fioele, kontrabas en akkordeon oppakten. Prachtich en it sjongwurk gong super lyk op. Mei wille en lef waard der wat goeds delsetten. Wille en lef wie der ek by it bringen fan de koarte ‘toanielstikjes’, mar de oerdriuwing fan de personaazjes wie net altiten like fraai. De seal maalde der net om, mar as de spilers har wat mear ferdjippe hiene yn de basisregels fan kluchtspyljen, dan hie der in soad te winnen west. Boppedat waard der geregeld praat mei in ferdraaide stimme en dat wie perfoarst net nedich. Wat wol wer sein wurde moat is dat men dat konsekwint trochsette: de hiele sźne lang.
Der wurdt oanjūn dat de ploech himsels regissearre hat en dan falle alle boppesteande opmerkings miskien wol te plak. Hawar. De muzikale lieding wie yn hannen fan Leon Smits en dźr kin men allinne mar wurdearring foar ha. Fansels hat hy help hān, want der moasten hiel wat arranzjeminten komme. En wat te tinken fan alle teksten?
We dogge noch in rūntsje, ‘t Haske, Nijjiersrevu de Jouwer. Oantal besikers: 240. Noch te sjen: 12 jannewaris de jūns en 13 jannewaris de middeis en jūns.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties