Pedagogen Els Brandsma en Hanneke Feenstra geven opvoedtips voor ouders in coronatijd

Er is een heel dorp voor nodig om een kind op te voeden, zegt een Afrikaans gezegde. Maar in deze tijd van corona is dat sociale netwerk van familie, buren, school en vereniging grotendeels komen te vervallen. Els Brandsma en Hanneke Feenstra, pedagogen bij de GGD, ondersteunen ouders met lichte opvoedvragen. ,,Foaral nó is it nedich om kompassy te hawwen mei elkoar. Erken dat dit in drege tiid is.” 

Gerbrich van der Meer

Geplaatst: 14 februari 2021 om 11:00

  FOTO’S: MARCHJE ANDRINGA
0%

Els Brandsma en Hanneke Feenstra zitten in het provinciale pedagogenteam van GGD Fryslân en ondersteunen menig gezin dat door jeugdverpleegkundige, jeugdarts van het consultatiebureau, school, (huis)arts e.d. wordt aangemeld bij lichte opvoedvragen. De Covid-19-pandemie en vooral het huidige thuisonderwijs zorgen in gezinnen voor een eigen dynamiek. Stress is op dit moment de grote boosdoener, vertelt Els Brandsma.

,,Troch corona hawwe in soad jonge húshâldings de bern folle mear thús as oars. Dat jout stress, by de âlden - want hoe krije se mei al dy drokte har eigen wurk foar elkoar? -, mar ek by de bern.” Het gevolg van stress bij ouders kan mogelijk leiden tot een niet helpende op-voedaanpak. ,,Dêrtroch kinne der thús ek mear gedrachs- en emosjonele problemen wêze.”

Twee reacties

Dat uit zich in ruzies tussen kinderen, in driftbuien of moeite om naar de ouders te luisteren. In de praktijk zien ze vaak twee soorten reacties. ,,Guon âlden besykje it konflikt út de wei te gean troch ta te jaan.” Anderen reageren ongeduldig of raken geïrriteerd. ,,Yn it earste plak is it wichtich te erkennen dat der stress is. By dysels as âlder en by it bern”, stellen de pedagogen. Onderschat namelijk niet wat het effect voor kinderen is van geen stip op de horizon. Een gevoel van zinloosheid dringt zich op. ,,Dan wurdt it foar bern ek hiel dreech om motivaasje op te bringen.” En als je als ouder voor je kind ook geen perspectief ziet, wordt ondersteunen een hele kluif.

 

Yn it generaal soene wy sizze: jas oan en nei bûten ta. As in bern syn bêst dien hat, mei dat beleanne wurde

Een paar belangrijke tips kunnen ze wel geven. ,,Haw yn alle gefallen realistyske ferwachtings en bliuw yn kontakt. Reagear foaral op gedrach fan dyn bern datst fijn fynst. Akseptear de sitewaasje en erken dat net alles slagje sil.” Stel: je achtjarige dochter heeft voor school van half tien tot tien uur intensief gerekend, maar de opdracht is nog niet af. Mag ze dan om tien uur pauze nemen, of moet ze nog tien minuutjes door? ,,Alle bern hawwe in eigen oanpak nedich, dus is it dreech om hjir in ienriedich antwurd op te jaan. Mar yn it generaal soene wy sizze: jas oan en nei bûten ta. As in bern syn bêst dien hat, mei dat beleanne wurde, ék as dat ynhâldt dat er yn in byldbelsessy mei de learkrêft letter op de dei net alles sjen litte kin.”

Over het algemeen gaat inzet dus boven resultaat. En als die inzet even niet lukt? Brandsma: ,,Slútst dy oan by de opdracht of by it bern?, sizze we dan. It bern stiet foarop, dus as it even net wol, miskien is it dan tiid om efkes ôfstân te nimmen. Helje de druk fan de tsjettel en lit dyn dochter of soan efkes hearlik boartsje. Nei in skoftke besikest it gewoan wer op ’e nij.”

Een positieve opvoedstijl

De GGD werkt onder andere vanuit het Positive Parenting Program, oftewel Triple P. Deze methode leert ouders een positieve opvoedstijl, omgaan met moeilijk gedrag van kinderen en bevordert een betere communicatie tussen ouder en kind in alledaagse situaties. ,,In Australysk ûndersyk oer de gefolgen fan koroana op bern makke dúdlik dat tieners dy’t lekker oan ’e gong bliuwe, folle nofliker yn it fel sitte.” Geen school? Gewoon de wekker zetten, en op een vaste tijd eruit. ,,Waskje, klean oandwaan en nei it iten begjinne mei húswurk of in oare opdracht.” Een vast ritme geeft houvast. ,,Omdat it sa’n soad dúdlikheid jout.”

 

Alden kamen gauwer yn it ritme. It kombinearjen fan harren taak as húswurkbegelieder en it gewoan heit of mem te wêzen, slagge better

De pedagogen hebben het idee dat de ouders van schoolgaande kinderen deze tweede lockdown beter konden hanteren. Brandsma: ,,Alden kamen gauwer yn it ritme. It kombinearjen fan harren taak as húswurkbegelieder en it gewoan heit of mem te wêzen, slagge better.” Feenstra: ,,It moaie wie dat der ek dúdliker struktuer bean waard út de skoallen wei.”

Een mooie bijvangst van de lockdown is dat er meer begrip is voor leerkrachten, glimlacht Feenstra. ,,Alden hawwe mear begryp foar de rol fan learkrêften krigen en mear ynsjoch yn it skoalwurk fan harren bern. ‘Dan jou ik fruit mei, en dan komme se wer thús en sit it bakje noch fol!’, hear ik wolris. Mar no’t se sels mei de bern fruitite en de bern ek noch bûtendoar boartsje moatte binnen in bepaalde tiid, sjogge se dat soks in hiele organisaasje is. Lit stean mei in klassefol bern.”

Noodopvang

In deze laatste lockdown werden kinderen met gedragsproblemen ook soepeler opgevangen in de noodopvang als het thuis niet ging. ,,It helpt gjin mins as it thús dan allinnich mar stress is. Troch de bern nei de needopfang te stjoeren, koene âlden har wer oplade. Nei skoaltiid moat in húshâlding it ommers ek noch mei elkoar roaie.”

 

Soargje by dizze doelgroep foar krekt wat yntensivere yntervinsjes. Dizze bern moatte krekt wat mear folge, tsjekt en oanstjoerd wurde

En voor de thuisblijvende handenbinders hameren de pedagogen toch weer op hetzelfde aambeeld: ,,Jou de bern doel, bliuw yn kontakt mei harren, praat!, stimulearje posityf gedrach en gean ek foaral nei bûten ta om stoom ôf te blazen.” Brandsma: ,,Mar soargje by dizze doelgroep foar krekt wat yntensivere yntervinsjes. Dizze bern moatte krekt wat mear folge, tsjekt en oanstjoerd wurde.”

Lees ook: Ook voor de jeugd uit het azc in Sneek valt de lockdown niet mee

En er zijn nog andere onverwachte positieve kanten aan deze lockdown. Feenstra: ,,Wy hearre fan âlden dat guon bern grutte sprongen makke hawwe yn it learen omdat der folle minder prikkels wiene fan de klasse. Wy hearre ek dat it lêzen soms mei sprongen foarút giet of dat bern gauwer sinlik wurde omdat der makliker in folwoeksene beskikber is.”

Effect op tieners

In de media is er veel aandacht voor kinderen in de basisschoolleeftijd en hun ouders die met grote moeite alle ballen in de lucht proberen te houden. Het effect van de verschillende lockdowns op de tieners is misschien nog wel groter, vertelt Brandsma. ,,Jongeren hawwe elkoar nedich om harren te spegeljen en te ûntwikkeljen. Ast op de middelbere skoalle komt, brekt de tiid oan datst dy losmakkest fan dyn âlden en plak fynst yn dyn peergroup. It helpt tolve-plussers net yn harren ûntwikkeling dat se net los komme kinne fan harrren âlden. De mooglikheid om folwoeksen te wurden yn in groep mei deselde leeftiidsgenoten mei deselde belangstelling, ûntbrekt no. Dat misse se, en makket somber, hoe wichtich âlden ek bliuwe.”

 

It is in útdaging foar de âlden om harren feardichheden te fergrutsjen om negative gefoelens om te bûgjen. Dêr wurde bern sterker fan

Want juist de ouders zijn zo nodig om het gesprek gaande te houden en ruimte te geven aan negatieve ervaringen en die te transformeren in perspectief. Brandsma: ,,We hearre lokkich ek oare lûden. Fan jongeren dy’t fia de sociale media allegear inisjativen oppakke, bygelyks ferskes opnimme en dy diele mei oaren.” Maar niet iedere tiener heeft het in zich om uit zichzelf een doel voor ogen te stellen. De hamvraag is dan: wat heb ik nu nodig om gelukkiger te worden? Feenstra: ,,It is in útdaging foar de âlden om harren feardichheden te fergrutsjen om negative gefoelens om te bûgjen. Dêr wurde bern sterker fan.”

Geef je kinderen ook erkenning als ze zich zinloos voelen. ,,Ik snap datst dy ferfeelst, kinst dan sizze, of ik fyn it aaklik dat it foar dy sa rint.” Om vervolgens die stip op de horizon naar voren te halen. ,,Is der ek perspektyf tichteby? Wat binne moaie doelen foar de koarte termyn? It helpt al ast meitinkst.” Ga lekker eten koken met je puber, of bedenk, mocht je jongere kinderen hebben, een knutselwerkje met je dreumes.

Een brug te ver

Hoe ouders ook hun best doen, het dorp uit het Afrikaans gezegde is ver weg. ,,Erken dus ek dat it op dit stuit gewoan dreech is.” Hoe dat dorp er op dit moment uitziet, is ook voor ieder gezin anders. Gelukkig komt de basissschool weer in zicht, maar gewoon lekker uitgaan met leeftijdsgenoten, of sporten met je vrienden is voor de jongeren nog altijd een brug te ver.

 

Ek dan kinne pake en beppe noch in funksje hawwe. Troch mei de pake- en beppesizzers in blokje om te gean of te byldbeljen

En wat de familie betreft? ,,De iene pake en beppe passe noch op, wylst oaren ôfstân nimme. Mar ek dan kinne pake en beppe noch in funksje hawwe. Troch mei de pake- en beppesizzers in blokje om te gean of te byldbeljen en freegje hoe’t it mei harren giet.” Want ook grootouders zijn medeopvoeders uit dat dorp. ,,Yn harren stimme en dielde ferhalen kinst neibijheid fiele en mooglikheden ta identifikaasje.”

De GGD heeft een telefonisch spreekuur voor ouders, maar ook bijvoorbeeld voor professionals bij opvoedvragen. De dienstdoende pedagoog kan advies geven, maar ook doorverwijzen naar een pedagoog in de buurt voor een persoonlijk gesprek. De pedagogen zijn bereikbaar van maandag tot en met donderdag tussen 1 en 3 uur. Op vrijdag tussen 11 en 1 uur op telefoonnummer 088 22 99 444.

Registreer u bij het Friesch Dagblad

Registreren
  • Registreren is zonder kosten of verplichtingen
  • Alle artikelen op frieschdagblad.nl zijn volledig toegankelijk
Hoofdredacteur

Waarom Friesch Dagblad?

  • Het nieuws uit Fryslân
  • Verdieping en duiding bij de actualiteit
  • Opinies en analyses
  • Betrouwbaar, kritisch, evenwichtig en opbouwend
Registreren
Sluiten
Sluiten