Skriuwster Baukje Wytsma: Efkes ferdwale yn myn eigen ferbylding

Elk lân, elke literatuer, soe wol in Baukje Wytsma hawwe wolle. Myld, wiis, altyd op syk nei gearhing en harmony. Fryslân hat der gelokkich ien. Takom wike tongersdei, op 1 april, wurdt de skriuwster 75 jier. ,,Myn libben is fol, it is goed sa."

Abe de Vries

Geplaatst: 26 maart 2021 om 19:00

Baukje Wytsma wurdt 75 en hat har 10ste dichtbondel útjûn.   FOTO: MARCHJE ANDRINGA
0%

Net te tellen safolle Fryske berneboeken hat se skreaun, mar ek toanielstikken, musicals, lietteksten. En gedichten fansels. Baukje Wytsma. Wa’t de Fryske poëzy ken, heart by it neamen fan har namme de waarme wyn fan ’e simmer troch de appelbeammen sûzjen. ‘Ik dreamde my in tún fan dy en my’, dichte se. Ter eare fan har 75e jierdei ferskynt yn april in nije dichtbondel fan har hân, har tsiende. Dat allegear is mear as genôch reden foar in petear. Net yn har wenplak Reduzum mar skriftlik diskear, want korona waret oeral om en de prikken moatte noch komme.

Do bist al yn 1976 debutearre mei in Frysktalich boekje foar bern en yn 1980 as Frysk dichter. Dat is, efkes gau útrekkene, 45 jier skriuwerij. Watfoar minsken of boeken hawwe op dy, troch de jierren hinne of op guon stuiten, de grutste ynfloed hân as skriuwer?

,,It wiene yn earste ynstânsje de gedichten fan J.C. Bloem dy’t ik yn myn jeugd sa’n bytsje stikken lêzen ha. In sammelbondel út 1964, myn earste echte eigen bondel. Wa wit hat dat wol de oanset west. Whitman, Leaves of grass, lies ik ek. Doe’t ik begjin tweintich wie en yn Dútslân wenne, lies ik Rilke, Hesse, Johannes Anker Larsen, Thomas Mann. Mar letter ek alles oer de Indyske literatuer dat ik yn hannen krije koe. Yn dy tiid wie ik befreone mei in tal minsken dy’t har jeugd yn Indië trochbrocht hiene yn it Jappekamp, dan komt sa’n lân tichtby. Ik kaam krekt sa’n bytsje ein jierren santich foar it earst mei de Fryske literatuer yn oanrekking. De dichter Sjoerd Spanninga fûn ik daliks hiel bysûnder. Yn dizze koroanatiid ha ik my op Paustovski stoart, ast dat lêst giet der ek in wrâld foar dy iepen."

Do seidest yn 1987, nei’t dyn tredde dichtbondel ferskynd wie:‘Miskien haw ik it my te idealistysk foarsteld. Ik haw de hope hân dat der wat feroarje soe, ik haw my út ’e naden flein foar organisatoaryske dingen, mar do rinst hieltyd wer tsjin in massyf lichem oan, dêr’t gjin beweging yn te krijen is.’ Wat wie dat idealisme krekt, dêr’tst it doe oer hiest, en wat stie dy yn it paad?

,,It wie in ynspirearjende tiid. De Fryske literatuer libbe folop nei myn idee, wy woene der wat fan meitsje. Jiertallen wit ik net krekt mear, wol dat ik njoggen jier yn it Skriuwersbounbestjoer sitten ha. En jierrenlang yn de redaksje fan de Strikel. Der wie altyd wol wat te dwaan, in soad plannen meitsje en fergaderje. Sa hawwe wy ek de Wurkgroep Berneboekepraat oprjochte en yn 1983 de Simke Kloastermanpriis foar berneliteratuer yn it libben roppen. Ik wie der by yn it hûs fan Simke yn Twizel doe’t dat barde en ik mocht fan dûmny Wumkes op har stoel sitte. Hiel deftich. Wy dronken tee mei de pink omheech, om sa mar te sizzen. Mar ast in soad wolst en der is meast te min jild, geharrewar of te min ynset om dingen klear te krijen dan is dat is altyd frustrearjend. Koest as skriuwer doe ek al net fan de pinne libje, je moasten der altyd fan alles bydwaan, yn myn gefal de sjoernalistyk."

Asto dyn dichtbondels oan no ta oereidest, watfoar feroaringen sjochsto yn dyn poëtysk wurk?

,,By it skriuwen fan myn earste bondel yn 1980 wie ik folslein ûnbefangen. It barde gewoan, hiel spontaan. Freark Dam en Tabe Beintema hiene my oantrune om gedichten foar folwoeksenen te skriuwen neidat ik in pear berneboekjes skreaun hie. Der ferskynde al gau in werprintinge. Ik krige der echt nocht oan om poëzij te skriuwen. Krigest mei de tiid in eigen pinsielstreek, tink ik. Ik bin bygelyks net sa fan de taaleksperiminten. Ik hâld fan de taal sa’t dy is, sa’t wy dy brûke. Der wie by my nei dy earste publikaasje altyd wol in ynderlike needsaak om poëzij te skriuwen. Noch wol. Wat it meast feroaret is de eigen belibbingswrâld, der oerkomme dy dingen, dat resonearret troch yn toan en ynhâld fan de fersen. Leafde, dea, fergonklikens, striid, berêsting, it binne tema’s dy’t wol faak oan de oarder komme by my. It is net alyd in rasjoneel proses. De grûnttoan fan myn poëzij is noch itselde, dat hat te krijen mei wa’t ik bin, tink ik, sykjend nei in beskate gearhing. Nei harmony ek."

Yn april ferskynt dyn nije, tsiende bondel. Kinst dêr alfêst wat oer ferklappe?

,,Myn lêste bondel Sân wylgenis fan 2010. Doe tocht ik dat it wol genôch wie. Moatst der altyd ek wol de moed ta hawwe, it is allegear hiel ticht by dysels. Ik woe op in stuit gewoan net mear op kop en earen yn de Fryske skriuwerswrâld sitte. Soms is it moai om nei ferrin fan tiid earne frij fan te wêzen, los fan alles. Ik woe ek net mear witte wat der allegear geande wie yn de skriuwerswrâld. Ik woe lekker frijbliuwend wat omrommelje yn de tún en sa. Skilderje bygelyks. Ik ha in pear jier mei grut plesier op les west by Doet Boersma. Mar dochs kamen der sa no en dan wer gedichten foar it ljocht. Doe kaam de fraach fan de útjouwer om yn ferbân mei myn 75e jierdei in bondel út te jaan."

 

Ik bin in mins fan lange freonskippen en ik ha in soad minsken dêr’t ik fan hold yn de lêste tsien jier ferlern. Dat gemis, dat fertriet docht wat mei dy

In weromsjende bondel?

,,Doe’t ik mei it gearstallen dwaande wie, seach ik dat der in oare diminsje yn it wurk kommen is, de dea is in belangriker tema wurden. Ik bin in mins fan lange freonskippen en ik ha in soad minsken dêr’t ik fan hold yn de lêste tsien jier ferlern. Dat gemis, dat fertriet docht wat mei dy. Dy minsken hearden by myn libben, fierôf of tichtby, sy wiene der, joegen kleur en fleur oan it bestean. Tink allinnich mar oan al dy Fryske skriuwsters út myn tiid dy’t der no net mear binne, mei guon wie ik o sa befreone. Fan ferlies wurdst ek bang. De nije bondel hat as titel Wyt ljocht. Yn dat wite jocht is alle kleur fan it libben ferienige, de ein en it begjin yn ien. Ik tink dat dat de kearn is fan dizze gedichten is."

Yn 2007 hast de Fryske Anjer krigen en yn 2018 hiest de eare om beneamd te wurden ta Ridder in de Orde van Oranje-Nassau, beide kearen foar dyn fertsjinsten foar de Fryske taal. Bisto in pessimist of in optimist as it om de takomst fan it Frysk giet?

,,Ik bin en bliuw in optimist. It Frysk sil grif bestean bliuwe, mar dêr moatte wy wol wat foar dwaan. Minsken moatte har bewust wêze dat de eigen taal in kostber besit is. Wat ferlern giet, krijst noait werom. Mar besjoch it tagelyk ek mei wat mear humor en foaral, sykje dwersferbiningen mei oare talen, dat ferriket ommers? Der binne nije foarmen, nije mooglikheden foar it Frysk genôch yn dizze digitale wrâld. It soe moai wêze as der net altyd sa’n banale striderij om it Frysk hinne wêze soe, dy negativiteit en betutteling is funest. Jou it wat romte. Gun elk syn eigen taal en griem der net achteleas mei om. Lit alle minsken yn har wearde yn dizze multykulturele tiid. Ek as it de kar foar de eigen taal oanbelanget."

Soesto jonge skriuwers dy’t krekt begjinne oanbefelje om yn it Frysk te skriuwen?

,,Der binne nije talintearre skriuwers genôch. Dy hawwe der ek wer nocht oan om der wat fan te meitsjen, dat sjochst en hearst rûnom. Sy fine nije foarmen om har hearre en sjen te litten. Sy sille, tink ik, ek wol hieltyd yn mear as ien taal har boeken skriuwe wolle en dat is prima. As der mar skeaun wurdt! Gewoan moaie boeken meitsje, dêr is ferlet fan. Ik ha ferline jier mei grut plesier it trijetalige berneboek Silke en Miss Dee skreaun. Carla van der Heijde hat der prachtige tekeningen by makke. It plesier oan it wurkjen oan sa’n boek giet noait ferlern."

Eins fyn ik it myn moaiste berneboek, ik koe wer efkes hearlik achter myn kompjûterke ferdwale yn myn eigen ferbylding.’

Minsken beskriuwe dy wolris as nofteren en relativearjend yn ’e omgong. Mar dyn skriuwerij is faak krekt hiel dichterlik. Hoe rimest dy twa dingen?

,,Ik tink net dat ik sa nofteren bin. Relativearjend miskien wol. Hoe tichter ast by de echte dingen bliuwst, hoe minder drokte. It soe moai wêze as wy wat op mekoar passe salang’t wy hjir binne. Der is in soad ûnrjocht yn de wrâld, it ferhurdet. Dêr wurd ik wolris bang foar, ek foar de takomst fan myn beppesizzers en twa lytse oerbeppesizzers. Ik bin my der bewust fan dat dy ûnwikkeling net mei it skriuwen fan poëtyske teksten te ferhelpen is. Tagelyk moatst de krêft fan it wurd noait ûnderskatte, ek dêr binne troch de tiid hinne genôch foarbylden fan, lês it gedicht fan Amanda Gorman dat sa yn it nijs west hat. Dy dichterlikheid fan my lost neat op, mar ik tink dat ik op dy wize nei de wrâld sjoch. Of sjen wol."

Wat binne dyn plannen, as skriuwer, foar de kommende pear jier?

,,No’t ik hast 75 jier bin, lit ik it libben dat der noch foar my is mar komme sa’t it komt. Ik sil grif noch wolris wat skriuwe, ek foar koaren en sjongers bin ik noch geregeld yn opdracht oan it wurk. Ik wurkje altyd graach mei muzikanten. Mar der moat neat gelokkich. Fierder bin ik it leafst hiel faak tichtby de famylje, wy hawwe altyd hiel hecht west, dat is foar my fierwei it belangrykst. It is prachtich om mei te meitsjen hoe’t dy bern harren allegear op in eigen wize ûntwikkelje, sy komme altyd mei ferhalen. Fierder ha ik eins gjin ambysjes hear. Myn libben is fol, it is goed sa."

Registreer u bij het Friesch Dagblad

Registreren
  • Registreren is zonder kosten of verplichtingen
  • Alle artikelen op frieschdagblad.nl zijn volledig toegankelijk
Hoofdredacteur

Opinie: Het gezicht van eenzame ouderen

Opinie

Er zijn in coronatijd weinig activiteiten voor ouderen. En daarmee schiet aandacht voor eenzaamheid en ouderdomsziekten zoals alzheimer of dementie er ook bij in. Een provinciaal n...

10 uur geleden

Lees meer

Thecla Bodewes weet het tij te keren

Economie

Scheepsbouwer Thecla Bodewes (TB) Shipyards heeft vorig jaar bijna zes ton winst gemaakt. In 2019 was nog een reorganisatie noodzakelijk, toen het bedrijf ruim twee miljoen euro ve...

19 uur geleden

Lees meer

Waarom Friesch Dagblad?

  • Het nieuws uit Fryslân
  • Verdieping en duiding bij de actualiteit
  • Opinies en analyses
  • Betrouwbaar, kritisch, evenwichtig en opbouwend
Registreren
Sluiten
Sluiten