‘De bile yn Wickelwood’ belibbe in waarme muzikale simmerjûn | Resinsje

De titel fan it iepenloftspul yn Wikel: ‘De bile yn Wickelwood’ ropt strideraasje op. En dat wie der, mar it werklike wapen krige úteinlik mar in lytse rol. De haadrol wie foar it grutte muzikale diel en dat wie de bedoeling fan de organisaasje ek.

Eigner kroech Bargebeck Bouwe Bruidsma (Theo Vis), hânneler yn twaddehânsguod Eppy Bril (Jelle Dijkstra), eigner doarpswinkel Baukje Klimmer (Willemina de Jong) en fisefoarsitter Melodia Jeltsje Klimmer (Elske Woudstra).

Eigner kroech Bargebeck Bouwe Bruidsma (Theo Vis), hânneler yn twaddehânsguod Eppy Bril (Jelle Dijkstra), eigner doarpswinkel Baukje Klimmer (Willemina de Jong) en fisefoarsitter Melodia Jeltsje Klimmer (Elske Woudstra). Foto: Inge Meyer Fotografie

‘De bile’ stiet foar it grutte jild dat de leefberens fan in doarp ferneatigje kin. En tagelyk foar oare - ‘lytsere’ - ferskillen en foaroardielen yn in mienskip. Wickelwood waard in echt doarp dus, dat hat skriuwer Romke Gabe Draaijer goed ûndersocht en sjoen. Mar in bytsje in ‘yngewickeld’ ferhaal is it wol, benammen it begjin. It publyk moast der echt ynkomme.

Yn 2018 wiene der al plannen makke om in iepenloftspul te bringen dêr’t fanfare-orkest Melodia, toanielferiening De Bargebeck en sjongkoar Samar yn skitterje soene. Fansels duorre it efkes foardat útein setten wurde koe, mar ôfrûne freed koe it barren plakhawwe. Regisseur Marc van der Veen hat fan alle yngrediïnten in smaakfol gehiel makke. Dat wie net sa’n maklike toer, dochs is it aardich slagge.

Oerjaan oan it toerisme