‘Freddy’, iepenloftspul fan pp 'e Tynje oer Freddie Mercury, wol gjin boppeslach wurde | Resinsje
It wie ôfrûne woansdei in sinnige mar kâlde jûn by de premjêre fan it iepenloftspul op ‘e Tynje. It publyk op de smoarfolle tribune koe elkoar krekt in bytsje waarm hâlde. De presintaasje oer it libben fan de legendaryske Freddie Mercury soe dat spitigernôch net hielendal slagje, ek al die elk noch sa syn bêst.

Freddy, iepenloftspul op de Tynje. Foto: Berend Drent
Wa ken no net de muzyk fan Queen? Elk kin him of har de nûmers: We will rock you , Don’t stop me now , Radio gaga , The show must go on , I want to break free yn ’t sin bringe. Se sitte yn jins holle en hert en elk wit dat it libben fan Freddie, syn echte namme wie Farrokh Bulsara, net oer roazen gong. Hy wie as ús in minske fan fleis en bloed mei langstme, ambysjes, ynderlike stideraasjes en mear, mar tagelyk wrâldferneamd.