‘It antwurd moat fan de polityk komme’, der is in ein kommen oan Pier Bergsma syn bestjoerswurk foar de Ried fan de Fryske Beweging

Pier Bergsma (78) hâldt nei tolve jier op mei syn bestjoerswurk foar de Ried fan de Fryske Beweging. De lêste fjouwer jier wie er foarsitter. In opfolger hat de hân noch net opstutsen. ‘Hoe hâlde wy dit mei-inoar op poaten?’

Pier Bergsma hâldt nei tolve jier op mei syn bestjoerswurk foar de Ried fan de Fryske Beweging. ,,Der binne in hiel soad dingen dy’t miskien net dalik sa by de minsken libje, mar dy’t dêrom net minder belangryk binne.”

Pier Bergsma hâldt nei tolve jier op mei syn bestjoerswurk foar de Ried fan de Fryske Beweging. ,,Der binne in hiel soad dingen dy’t miskien net dalik sa by de minsken libje, mar dy’t dêrom net minder belangryk binne.” Foto: Marchje Andringa

Begjin maart hat Pier Bergsma al ôfskied fan it bestjoer naam, en vice versa, op in bysûndere bestjoersbyienkomste yn it Reade Hynder yn Wommels. Freed 1 april falt de offisjele bile. Mar op 23 april sil er dochs noch de jiergearkomste liede fan de Ried yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Hooplik is dan bekend wa’t syn plak as foaroanman ynnimme sil. Ek siket de Ried noch om in opfolger foar it ôftreden bestjoerslid Fokje Koster. ,,It is dreech. De fiver is lyts”, seit Bergsma de realist.

Nieuws

menu