Dit artikel is vandaag gratis

‘Schindlers list’ yn Burgum grypt by de strôt en makket yndruk | Recensie

Scene uit Schindlers List van van Iepenloftspul Burgum Foto: Barbara van Rijn

It iepenloftspul-seizoen is útein set. Iepenloftspul Burgum moast geduld ha. Covid-19 soarge derfoar dat 75 jier befrijing yn 2020 net manmachtich betocht wurde koe mei in tapaslik stik. Einlings koe de cast fan Schindlers list ôfrûne wike sjen litte wêr ‘t se al sa lang mei dwaande west wiene. It publyk waard op magistrale wize yn it moed taast.

Schindlers list lit sjen dat der yn de Twadde Wrâldkriich ferskate soarten nazi‘s yn Dútslân omtoarkje. Yn dit gefal giet it om de sakeman Oscar Schindler, dy‘t mei syn hert op it goede plak as ‘in goeie Dútser’ guon Joaden it libben rêde woe. Yn syn Deutsche Emaillewaren Fabryk (DEF) yn it Poalske Krakau set er ynstee fan ‘gewoane’ boargers goedkeapere Joaden oan it wurk om se foar deportaasje te sparjen. Jitze Grijpstra lit yn dizze rol sjen wêr‘t er as akteur ta by steat is.

Dat makket yndruk. In tsjinpoal fan Schindler is de kampbaas Amon Göth, dy‘t allinnich mar each hat foar útroeiïng fan in folk. Herman Tichelaar set dizze rol tige leauweardich del. It kontrast tusken beide manlju wurdt yn ien sêne treflik en oangripend werjûn as Schindler feest fiert mei ‘syn’ personiel, wylst Göth syn húshâldster op in ôfgryslike wize ôfseamet.

Regisseur Theo Smedes hat op djip trochtochte wize de oanwêzigen by de strôt krigen. Al by it derynkommen wurdt it publyk belutsen yn it ferhaal. Men wurdt ûnderdiel fan it ferhaal mei in davidsstjer. De massale sênes, it stille spul, de rolbelibbing, de muzyk, de rekwisiten. Allegearre dik ynoarder. Men kin fernimme dat elkenien djip ûnder de yndruk is.

Ald fabryk is in kadootsje

Fansels stiet it ferhaal op himsels. Mar it is wol in kadootsje dat der op de Burgumerdaam in âld fabryk is, dat as kultureel brûsplak tsjinje kin foar dit iepenloftspul. En as der dan ek noch in fakman beskikber is, lykas Koos de Vries, dy‘t in fantastysk ljochtûntwerp betinkt, dan is it hielendal klear.

Wat in prachtige plaatsjes. Yn de einsêne wurdt troch de Joaden it liet Jerusalaïm akoestysk op de tribune ynset. As de spilers dêrnei de giel beljochte fabryk ynkuierje en de klank fan in katedraal ûnstiet, is it einbyld prachtich. En wat in respektfolle kar om gjin applaus mear te heljen. Elkenien moat de emaille beker mar goed bewarje en weromtinke oan in topfoarfoarstelling!

’Schindlers list’ troch Iepenloftspul Burgum ; tekst en bewurking troch Theo Smedes; regy troch Theo Smedes; ljochtûntwerp: Koos de Vries; by It Molkfabryk te Burgum; tal besikers: 500; noch te sjen op 7,12,13,14,20 en 21 maaie (útferkocht), ekstra foarstellingen op 11, 18 en 19 maaie

Nieuws

menu