‘Wraak & gewisse’: frijheidsstriid yn oarlochstiid  | Resinsje

Stichting Iepenloftspul Dronryp brocht Wraak & gewisse op it fertroude plak yn it parkje by de Haven. Ek yn Dronryp wie it wachtsjen op bettere tiden. 75 jier befrijing koe yn 2020 net betocht wurde mei in passende produksje yn de iepenloft. De reden: Covid-19 fansels. Nei 77 jier wie it dan úteinlik wol safier. Foar de aktualiteit fan it ferhaal wie it net slim. Dat bliuwt foar altyd bestean en ferliest neat oan wearde.

In séne út 'Wraak en gewisse'

In séne út 'Wraak en gewisse' Foto: FOTOKOOPMANS

Foar it wolkomstwurd fan de foarsitter koe men, lykas wenst is, net wachtsje op de klokslaggen yn de tsjerketoer fan d’Alde Wite, tichtby it spylplak. De klok rûn wat efter… ,,Voor herinneringen kun je de ogen niet sluiten”, sa helle foarsitter Harmsma de memorabele wurden fan Robert Long oan. Tige fan betsjutting op de kar om foar Dronryp en omjouwing in iepenloftstik te bringen oer it ferset yn Dronryp yn de Twadde Wrâldkriich.

Nieuws

Meest gelezen

menu