Anders Rozendal balansearret mei syn moaie tempo en ynnimmende dialogen prima tusken klucht en drama. Dat makket fan 'Feest yn Gennaard' in boppeslach | Resinsje

Anders Rozendal skreau in kostlik boek oer de organisaasje fan in doarpsfeest. De konversaasjes rinne as in sneltrein en de humor leit op strjitte.

Boek.

Boek. Foto: Shutterstock

De manlju fan Gennaard komme faak by-inoar by De Oanrin, in setsje bankjes mei in picknicktafel tusken de haadwei en it sportfjild. Se libje yn swiere tiden. Gennaard hat nammentlik 297 ynwenners, wat krekt te min is foar in echt feest. De hearen wolle bêst wol jild ynlizze om sa’n barren te organisearjen, mar dan moat it tal ynwenners earst nei trijehûndert.

Nieuws

menu