Alle lof foar it prachtige dekor fan iepenloftspul 'Maïstiid' yn Ryptsjerk, mar bining tusken spilers en publyk bliuwt út | Resinsje

Wat dogge jo as de frou fan jo dreamen trouwe sil mei in oar, witte dat sy net gelokkich wurdt, witte dat har famylje har twongen hat ta dat houlik? Wat dogge jo? It is de grutte fraach yn iepenloftspul ‘Maistiid’ yn Ryptsjerk.

Jeltsje Joustra (mem) en Jelle Schreuder ( jonge bruidegom).

Jeltsje Joustra (mem) en Jelle Schreuder ( jonge bruidegom). Foto: WIG Producties

Noch ien kear lâns har hûs gean om in skym fan har op te fangen? As it dêr by bleaun wie dan hie it leed noch te oersjen west, mar Felix giet it probleem net út de wei wylst syn famylje skuldich is oan de dea fan de heit en broers fan de breid. In relaasje mei syn dreamfrou is sadwaande útsletten.

Wat dogge jo? Mei syn beiden útnaaie op de dei fan de brulloft? Dat dogge se en it rint net goed ôf. Krekt sa as by Shakespeare’s Romeo en Julia .

Te min kontakt

Bloedbruiloft fan de Spaanske skriuwer en dichter Garcia Lorca is bewurke troch dramaturch Bouke Oldenhof ta Maïstiid . It is in ferhaal oer leafde, passy, tradysjes en wraak. Eins hiel krêftige eleminten, mar it hûndertkoppige publyk hat dêr net folle fan field. Dêrfoar is de ôfstân mei it spylfjild te grut, der is te min kontakt.

De sênes yn it grutte efterfjild hawwe gek genôch wol effekt. Dy romte wurket blykber, mar wêrom binne de sênes tichterby net tichter by it publyk? It lytse famke, dat efterbliuwt wylst de hiele spylploech de maïslannen yn rint, pakt de konneksje wol. Lokkich, dêr is in sprankje hoop op ferbining. Mar passy of driigjen bliuwt fierder út, wylst de teksten wol smertlik binne.

Prachtige lokaasje

Regisseur Hans van Buren fan WIG Producties hat in prachtige lokaasje fûn yn de maïslannen yn Ryptsjerk en nei syn hân setten, mar in krêftige hân om in sterke mise en sêne te meitsjen ûntbruts.

De grutte massasênes hiene mear stjoer brûke kind en dat jildt ek foar de prachtige, mear literêre, sênes mei de ‘schikgodinnen’ en de ‘dea en moanne’. Lêstneamde sênes binne eins in ferhaal yn it ferhaal, dat sadwaande.

In geweldige lokaasje, mei prachtige bylden, mar der is te min om it publyk tocht. Akteur Helmert Woudenberg seit: eins ha jo foar in goede foarstelling allinnich akteur(s) en publyk nedich. Mei oare wurden: it giet om de bining dy’tst mei it publyk ta stân bringst. Al it oare is minder wichtich. Undergeskikt.

Iepenloftspul Maïstiid troch Wig Producties oan de Nieuwlandsweg yn Ryptsjerk, 100 besikers. Noch te sjen oant 18 septimber (útferkocht)