De absurde wrâld fan in hear fan stân. In meunsterput fan oersetter Geart fan der Mear | Boekresinsje

Geart fan der Mear hat him fêstbiten yn it livige boek fan de Ingelske skriuwer en dûmny Laurence Stern. Syn Tristram Shandy ferskynde yn njoggen dielen en it skaaimerk fan dit ferhaal is dat it him net fange lit.

Boekomslag.

Boekomslag.

De Ingelske skriuwer en dûmny Laurence Stern (1713-1768) wurdt foaral herinnere om syn roman The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman , meastal ynklonken ta Tristram Shandy. It livige boek ferskynde yn njoggen dielen tusken 1759 en 1767 en hat deselde ûntregeljende toan as bygelyks Don Quichot fan Cervantes (ferskynd tusken 1605 en 1615) en Gargantua en Pantagruel fan de Frânske skriuwer François Rabelais (1483-1553), net tafallich skriuwers dy’t Tristram oanhellet.

In ferhaal dat him net fange lit

Nieuws

menu