In goed foarbyld fan hoe't jo ien gek meitsje kinne | Resinsje

As jo witte wolle hoe’t jo ien gek meitsje kinne, is it toanielstik ‘Set ‘m op, James!’ wol in moai foarbyld. De wurklike Harry Voets wurdt oan ‘e ein fan it stik as psychysk pasjint ôffierd. Poer mâl, omdat elk seit dat hy nét Harry Voets is, mar de butler. In dramatysk ein fan dizze fermaaklike klucht dy’t Teater Snits op de planken set.

Sêne út 'Set 'm op, James!' fan Teater Snits.

Sêne út 'Set 'm op, James!' fan Teater Snits. Foto: Nico Altenburg

‘Set ‘m op , James’ draait om it twatal James Butler (Theo Jager) en persoanlik assistint Juffer Koartling (Syboutsje van der Meer). Se meie inoar net lije, of just tefolle. As harren baas, teaterprodusint Harry Voets (Folker Lageveen), op stap en net te berikken is, komt ynvestearder John Rikeman (Arnold Brouwer) del. Hy wol direkt, en dan wol direkt, Harry Voets te wurd. Oars siket er in oar plak foar syn jild. Yn panyk ropt Koartling dat James Harry Voets is. Dêrnei moat de butler net allinne it jild, mar ek noch twa wichtige spilers binnenhelje om de nije produksje rûn te krijen.

Orizjinele misledigingen

Nieuws

menu