De libbensreis fan in dichter én fan Tsead Bruinja yn fersen | Boekresinsje

De eardere Dichter des Vaderlands en eks-Dongeradichter Tsead Bruinja bringt nei twa Nederlânsktalige bondelswer in twatalige (Frysk-Hollânsk) út. De titel is ynbêde / ingebed. Op de omslach twa waskjende hannen. Mei it each op it Nederlânske wurd ‘ingebed’ liket it ek as is ien oan it bidden.

Boeken.

Boeken. Foto: Shutterstock

De gedichten binne te ferdielen yn twa kategoryen: autobiografyske fersen (trije skiften) en fersen dy’t de libbensrin fan in oar fertelle (twa skiften). It fielt as hat Bruinja in roman skreaun, of in filmskript, yn de foarm fan in rige gedichten. In moaie filmhûsfilm, oer it libben fan in dichter, dy lesjout en him beseft dat er te kritysk is foar syn studinten, dy’t dochs fantastysk dwaande binne.

Nieuws

menu