'Swiet en Bitter' fan Jikke Olivier: In ferhaal mei tempo, dêr’t út bliken docht dat de nacht it perfekte momint is foar serieuze petearen | Resinsje

Swiet en Bitter is de fjirde roman van Jinke Olivier. In ferhaal mei tempo, dat meändert tusken de rêstige petearen fan de âlderen, de enerzjy fan jonge minsken, it deistige libben én oangripende oantinkens.

Beeld ter illustratie.

Beeld ter illustratie. Foto: Shutterstock

De al wat âldere Anne Mensink en Freek Salverda kenne inoar net, mar krije dochs in spesjale bân mei-inoar. Anne is túnfrou en frijwillichster foar TREAST, in organisaasje dy’t terminaal sike minsken benammen nachts bystiet yn de lêste faze. Freek hat net lang mear en wachtet yn bêd op it kommende.