Erik Betten debutearret as Frysk dichter. ‘Ik bin wol aardich ferkennend fan aard’

It Frysk is in minder ‘hurde’ taal as it Nederlânsk, seit Erik Betten. En hy kin it witte, as immen dy’t yn ferskate talen grutbrocht is. In petear oer meartaligens en dichtsjen nei oanlieding fan syn krekt ferskynde debút as Frysk dichter: Palimpsest.

Erik Betten.

Erik Betten. Foto: JACOB VAN ESSEN

Erik Betten (45), yn it deistich libben part skriuwer, part freelance publisist, part sjoernalist by dizze krante, wennet mei frou en bern yn Dronryp oan ’e Brêgebuorren. Mar dat doarp komt er net wei. Hy praat Frysk as hie er noait oars dien. Mar dat is net syn memmetaal. Dy hat er eins net. Mei in dôve heit en in healdôve mem, de ien út ’e Stellingwerven, de oar út Grins, en mei in jonkheid yn it Ljouwerter Aldlân krige er fan alles mei: gebeartetaal, Nederlânsk, Stedsfrysk, en letter, nei in kursus, ek geef Frysk. Fertel him neat oer meartaligens.

Nieuws

Meest gelezen