Ferhalen fol wifeljen en wrakseling yn debuutbondel 'Fûgels yn ús' fan Catharina Lautenbach | Resinsje

Catharina Lautenbach (1964) debutearret mei de moai fersoarge ferhalebondel Fûgels yn ús. Skaaimerk fan de njoggentjin koarte en soms ekstra-koarte ferhalen is de faak lichtlik absurde setting, dy’t optekene wurdt mei sekuer taalgebrûk.

Yn ien fan de ferhalen yn 'Fûgels yn ús' fan Catharina Lautenbach wurdt de dûmny yn krisis stoart troch de winsk fan de gebedsgroep om kilten kleden op te hingjen.

Yn ien fan de ferhalen yn 'Fûgels yn ús' fan Catharina Lautenbach wurdt de dûmny yn krisis stoart troch de winsk fan de gebedsgroep om kilten kleden op te hingjen. Foto: Shutterstock

Nim bygelyks it ferhaal Gjin begripen oan , dat draait it om de freonen Pieter en Theo, in koppel mei los-fêste ferkearing. ‘Wat men net wit, kin men net witte,’ prevelet in âlde man yn in Grinzer kafee, dêr’t Theo syn heil socht hat, om’t der skynber wat mis is. Hy wol Pieter werom, mar wit earne ek dat it net giet. Syn maat is op alle wizen fan him ferfrjemde, sadat der neat oars oerbliuwt as in ferplicht petear mei syn ferbjustere âlden.

Nieuws

menu