Fryske Krite de Jouwer set publyk oan it wurk mei de skriller 'Inkele reis' | Resinsje
It stik ‘Inkele reis’ troch Krite de Jouwer stelt faaks krekt wat te hege easken oan sawol publyk as spilers. In aardich stik, mar ek in tizeboel, want neat is wat it liket.

Sêne út Inkele reis. Foto: Gerrit Waterlander
Foar in skriller ha je eins net in regisseur nedich, sei in betûft spullieder yn Fryslân ea, want it ferhaal fiert de boppetoan en dat wiist de spilers wol. It stik Inkele reis is lykwols fan oar kaliber. Wol in soarte fan krimy, mar werklik oars. Sneon, by de Fryske premjêre, belibbe it publyk fan 125 personen, in stik yn it stik en dêrnei nochris in stik yn in stik(je). In hiel kaleidoskopysk barren dat sawol respekt as betizing brocht. Respekt foar spilers en regisseur om de tizeboel dochs leauweardich oer it fuotljocht te bringen. Oft dat alhiel slagge is? En mei wa spilen de persoanaazjes in spultsje: mei it publyk of mei harren sels?