In ferhaal oer hebsucht en ferneatigjende ambysjes yn Jan Minno Rozendals 'De masine' | Boekresinsje

Jan Minno Rozendal skreau mei De masine in ferhaal oer hebsucht en ferneatigjende ambysjes, basearre op de mysterieuze brânstofleaze motor fan útfiner Johannes Wardenier (1912-1960) út Wolvegea.

Boeken.

Boeken. Foto: Shutterstock

Johannes Wiegersma út Grou is in jongeman dy’t net dom is en ek in grutte fantasij hat. Mei syn kleem dat er in masine útfûn hat dy’t as in perpetuum mobile ivich trochwurket en nea brânstof brûkt bringt er net allinnich it doarp yn opskuor, mar lokket er ek allerhanne sjoernalisten en skimige belanghawwenden nei him ta – wy skriuwe 1934, jierren fol ûnrêst en ferdieldheid. Ien fan de sjoernalisten is Pyt Hiemstra, dy’t as jong broekje foar it Amsterdams Handelsblad wurket. As âld-Lemster is it terrein him net ûnbekend, mar as jong ferslachjouwer moat er hiel wat hobbels oangeande kontakt en it krijen fan ynformaasje oerwinne. Hy falt as in blok foar Femke Faber, in dochter fan in kommunist. Al dizze jonge minsken lykwols – Pyt, Femke en Johannes – rekkenje bûten Schäfer, in gefaarlike Dútske spion.

Nieuws

Meest gelezen

menu