Grommeligens en net opfalle, dat wiene de izersterke wapens fan Jan Snip yn 'e oarloch | Resinsje
Ferdinand de Jong skreau it Kadoboek foar de Fryske boekewike: De oarloch fan Jan Snip. De skriuwer is benammen op ’e dreef yn lytse romtes as bûthûs, hiem of keuken.

Jan de Jong mei de heit fan skriuwer Ferdinand de Jong op syn earm. Foto: privékolleksje
Jan de Jong is de pake van de skriuwer. Oan it begjin fan de oarloch wenne er mei syn frou Saakje achterôf op in pleatske yn de omkriten fan Rottum en Sint Jânsgea. De Jong wurdt troch de lokale lju ‘Jan Snip’ neamd, fanwege syn foarkommen en gedrach: ‘Skaaimerken dy’t by de snippen hearre binne hastich, opljeppen, woest, snibbich en soms net al te skjin.’
Direct verder lezen?