Hoe is it as je sels alzheimer hawwe?

Yn de nije, tredde roman fan skriuwster Jetske Bilker konfrontearret se har haadpersoan, toskedoktersassistinte Doutsen, mei de eangst foar alzheimer. ,,Sy is bang dat har wat skeelt. Dy eangst lit har nuvere dingen dwaan.”

Njoggen jier nei har twadde en 24 jier nei har debuur, ferskynt dit jier fan Jetske Bilker har tredde en nije roman ‘Spegel en Sonde’.

Njoggen jier nei har twadde en 24 jier nei har debuur, ferskynt dit jier fan Jetske Bilker har tredde en nije roman ‘Spegel en Sonde’. Foto: Marchje Andringa

Jetske Bilker (1960) is in typyske slow writer. Se debutearre yn 1988 mei de roman Imitaasjelear , krekt 24 jier letter seach de twadde roman it ljocht , It libben fan in oar , en njoggen jier dêr wer nei is ôfrûne febrewaris de tredde roman Spegel en sonde ferskynd. Net dat se tuskentroch stil siet, o nee. Yn 1997 wie der in ferhalebondel, yn 2004 tekene se foar it boekewikegeskink, de novelle Oar plak oare tiid , en fierder hat se in hiele rige oersettingen op har namme. Mar in nije roman fan Bilker is dus net alle jierren fêste prik. Namste mear reden om nei Ljouwert ôf te reizgjen foar in petear. Op korona-ôfstân.

Bilker – yn it deistich libben behalve skriuwer ek pedagogysk meiwurker by cbo Noordwest-Friesland – is optein oer de earste goede reaksjes op har nije, 300 siden tellende roman. ,,Ik ha al in soad reaksjes fan lêzers krigen. De measten fine it in spannend boek. Dêr bin ik hiel wiis mei. Ik jou sels skriuwkursussen foar Tresoar en dat elemint komt dêr ek oan ’e oarder: hoe makkest dyn ferhaal spannend? Dat de lêzer him ôffreget, en oan ’e ein ta ôffreegjen bliuwt: hoe rint dit ôf?”

Skreau Bilker yn it ferline gauris oer leafdesrelaasjes, Spegel en sonde giet foaral oer alzheimer. Sûnt Hersenschimmen fan Bernlef is dat gjin ûnbekend tema yn de moderne literatuer yn Nederlân. ,,Ik tocht: hoe is it as je it sels hawwe?” Haadpersoan is Doutsen, in toskedoktersassistinte fan yn ’e fyftich dy’t yn Goutum wennet. ,,Sy is bang dat har wat skeelt. Dy eangst lit har nuvere dingen dwaan, dy hat har yn ’e besnijing. Se is yn panyk.”

It tema past by in fase yn har eigen libben, seit Bilker. ,,Us mem is stoarn oan alzheimer, yn dy tiid wie ik sels dermei dwaande oft ik it ek krije soe. Wat dogge je mei soks, skowe jo it foar je út of konfrontearje jo jesels dermei?”

Net in maklike opjefte, om sa’n swier stik oertsjûgjend stal te jaan yn in psychologyske roman. ,,Dat moatte je in personaazje optuge, je moatte in figuer oanklaaie mei in libben. Ik ha de fraach oft Doutsen yndied alzheimer hat, of dat se it har mar ynbyldet, mei opsetsin net beantwurde. De iene lêzer tinkt dat se it al hat, de oare tinkt dat it net sa is. Dat past goed by har eigen ûnwissens oer de saak.”

Kursus

By de skriuwster thús op tafel leit in grutte blauwe klapper. ,,Dat is de kursus fan de Nederlandse Handels Academie foar toskedoktersassistint dy’t ik dien ha. Ik ha ek by myn eigen toskedokter yn ’e praktyk sjoen.” Tarieding is wichtich, wol se mar sizze. Skriuwers nimme faak skriuwers of keunstners, ûnderwizers en dosinten as haadpersoan, want dat is wol sa maklik, dêr witte se ommers al it ien en oar fan. ,,Dat woe ik net. Mar dan komt it wol ekstra op ’e details oan.”

Hoe’t dit nije boek yn har oeuvre past, freegje ik. Bilker: ,,It hat net hiel folle rekflakken mei wat ik earder skreaun ha. Je moatte jesels fernije. Diskear woe ik in gronologysk ferhaal fertelle, mei sa min mooglik flashbacks. Ik woe út ien persoan wei skriuwe. Ien perspektyf, en dan boeiend bliuwe. Neam it mar in útdaging.”

En al skriuwt Bilker net lykas Simon Vestdijk hurder as dat God lêze kin, it idee foar in opfolger is der al. Folle wol se dêr noch net oer sizze. ,,It giet oer eat wat ik meimakke ha, mar ik wit noch net krekt wat ik der fan mysels yn doch. Yn alle gefallen giet it net oer leafdesrelaasjes.” Grapjeiend: ,,Mar mei de seks komt it wol goed.”

Nieuws

menu