Hymphamp kreëarret wer in soad blide gesichten | Resinsje

Ofrûne wykein wie der in noflike gearsit yn brasserie Kolkzicht fan Surhústerfean. Hymphamp Theater presintearre syn tredde produksje: It tredde portret. Al jierrenlang bringt dit selskip winterjûnenocht yn de foarm fan kabaret.

Sêne út It tredde portret troch Hymphamp.

Sêne út It tredde portret troch Hymphamp. Foto: Sieta Stel

It publyk hat wille en kin ôfgryslik genietsje. It is fan in soad gesichten ôf te lêzen fan ’e jûn. In soad fan wat foarset wurdt is foar mannich taskôger werkenber. Der komme hiel wat typkes foarby yn brike sênes.