Iepenloftspul 'Vinea Domini' Blauhúster Puollen by Greonterp is in plaatsje | Resinsje
In folle tribune mei 400 minsken makke ôfrûne freed in premjêre mei dy’t net gau fergetten wurde sil, want moaie plaatsjes mei silende jonge persoanen yn BM’ers en in wier bard ferhaal wolle der wol yn op in prachtige simmerjûn.

De paters Augustijnen út Wytmarsum sykje in lokaasje foar harren Vinea Domini Sylkampen, hjir op It Fliet. Fan links nei rjochts: Pater Amatus van Straaten (Teake Rijpma), Pater Franciscus Hubertus Kramer (Siegfried Altena) en Pater Gijsbertus Lambertus Brandsma (Koos van der Zee) Foto: Sicco Rypma
It iepenloftspul oer de legendaryske ‘Vinea Domini Sylkampen’ fûn plak op it âlde terrein fan de sechstiger-santiger jierren. De âlde pleats, wol ferrinnewearre, stiet der noch en ek de âlde ferfallen barakken foar de jongerein fan earder. It Fryske Gea hat it dêr no foar it sizzen. Lykwols is tastimming krigen om de ‘sylkampen’ opnij libje te litten. Sels de âlde steiger hiene de spilers ta har foldwaan.