Dit artikel is vandaag gratis

Ik arriveer/Ik kom oan, der is genôch stof ta neitinken | Resinsje

Sêne út it iepenloftspul mei Jasmijn Uithol, Lotte Vijfschagt en Dagmar Bouwman dy't de suskes spylje. Foto: Toanielselskip Nij Bigjin Bakkeveen

Yn it ferline is it teäter bûten op it terrein fan Nieuw Allardsoog in protte brûkt, it stammet nammentlik al út 1923 en is hiel geskikt foar iepenloftspullen. LEEF jeugdtheater is wend om troch ymprovisaasje foarstellingen ta stân te bringen en hat dat dizze kear ek dien.

Troch de spilers binne allerhanne aktuele ûnderwerpen oandroegen dy’t foar in grut part brûkt binne yn it ferhaal, dat basearre is op it tv-programma Ik vertrek . Yn dizze foarstelling is it lykwols oarsom; de famylje Varga út Hongarije komt yn Bakkefean te wenjen en komt dêr problemen tsjin dêr’t in protte bûtenlanners tsjinoan rinne.

De Varga’s binne ynearsten fan doel om in tinyhouseprojekt op te setten omdat de wenningneed in grutte rol spilet yn ús lân en uteraard spilet it grutte jild ek in rol. Der waarden ynvestearders frege foar dit projekt en it publyk krige dus ek in ynskriuwformulier om hjir oan mei te dwaan. Tagelyk waard der in orizjinele Hongaarske traktaasje útdield.

Foaroardielen

It dekôr bestiet út de boargemasterswenning oan de linkerkant, yn it midden in iterstafel mei stuollen en in skaftkeet, dy’t omboud is ta tydlike wenning foar de famylje Varga. Werkenber binne de foaroardielen: as der bûtenlanners komme te wenjen, wurdt de kriminaliteit grutter, se binne smoarch, korrupt, net te fertrouwen, as se gjin goed Nederlânsk prate, binne se dom en se moatte de gewoanten út eigen lân ôfleare.

Ien en oar komt goed nei foarren trochdat de dochter fan de boargemaster in relaasje krijt mei Tony, de soan fan de famylje Varga en dat kin fansels net! De famylje Varga spruts wat heal Nederlânsk; moai wie bygelyks de útdrukking ‘ik niet dansen naar jullie mouwen’.

De spilers wienen al in skoft mei it stik dwaande en wienen ek hiel tekstfêst. Wol wie it tempo soms wat oan de stadige kant, dat hie alles te krijen mei de ôfstannen dy’t se ôflizze moasten. In ferteller prate de sênes oan elkoar en tusken de bedriuwen troch waarden kamerabylden brûkt.

Kamerabylden

Sa koe it publyk sjen hoe’t de reis ferrûn fan Hongarije nei Nederlân. It wie spitich dat net alles goed te ferstean wie, omdat guon spilers gjin mikrofoantsje hienen. Oan de oare kant is in komplimint wol op syn plak trochdat de spilers aktuele ûnderwerpen oanhelje. It jout genôch stof ta neitinken en gelokkich falt oan it ein fan de foarstelling alles wer op syn plak.

Ik arriveer/Ik kom oan troch LEEF jeugdtheater Bakkefean, regy: Brenda de Boer, plak: amfiteäter Nieuw Allardsoog, besikers: ± 55, net mear te sjen

Nieuws

menu