In dúdlike metafoar op de jiskepôle: ‘Sân der-oer’ | Resinsje
By oanfang fan de foarstelling Sân der-oer krige inisjatyfnimmer, keunstner en ‘Opper-Pauper’ Henk de Boer fan stichting De Paupers út hannen fan Arcadia, projekt IIS in iisblok objekt mei redens útrikt as wurdearring en dielname oan IIS. Dit projekt hat as doel: Hoe ferbine we de mienskip en hoe kinne we saken, dy ‘t ús foarâlden dwaande holden oerbringe nei ús generaasje? Moaier foarbyld is der fêst net. It is dan ek tige fertsjinne, dat dit iepenloftspul jildlike stipe krigen hat.

Scene uit Sân der-oer. Foto: Berber van der Werk
As de oanwêzigen útnoege wurde om nei it prachtige, tapaslike spylplak te rinnen, wurdt frege om in kleurich amerke mei sân mei te nimmen nei de lokaasje. Dan kin elkenien de problemen mar fuortendaliks bedobje. Dit is it begjin fan al dy ‘each-iepeners’, dy ‘t de Boer hantearret om de taskôger mei te nimmen nei in probleem, dêr ‘t de hjoeddeiske mienskip mei sit: stek de kop mar yn it sân of smyt mar wat sân oer de soargen; lykas de sanearre jiskebulte, dêr ‘t op spile wurdt. Tekstspandoeken mei útspraken út it deistige libben konfrontearje elkenien mei it mienskipsprobleem. As men allegearre by in spegelwand delgien is, dy ‘t yn de ferhaalline letter werom komt, wurdt de tribune berikt.