Wat in dynamysk ‘ferknipt’ barren yn Wergea | Resinsje

Wergea lit hum wer fan in muzikale én fernimstige kant sjen yn Ferknipt. Dizze orizjinele foarstelling wurdt dizze wike spile yn de fabrykshal fan de famylje Meinderts yn it doarp.

Foarstelling Ferknipt yn Wergea.

Foarstelling Ferknipt yn Wergea.

Wa hat dat net? Je begjinne oan in nij boek, der wurde in soad personaazjes op ‘e lappen helle en je freegje je yn it earstoan hieltyd ôf: wa is dat ek mar wer? Mei oare wurden: it duorret efkes foardat je yn it ferhaal sitte. Sa is it mei Ferknipt yn Wergea ek, mar de ploech Wergeasters soe Wergea net wêze om dêr wat op út te finen.

Nieuws

Meest gelezen