Eeltsje Hettinga: In grut stilist op iennachtsiis

Net ferlies, mar taalboartlikens stiet sintraal yn de twatalige blomlêzing te pearde / te peerde út it dichtwurk fan Eeltsje Hettinga.

Eeltsje Hettinga.

Eeltsje Hettinga. Foto: Marchje Andringa

Eeltsje Hettinga (1955, Burchwert) is de dichter fan in yn omfang beheind mar troch syn gauris ekstreme lyryk bysûnder poëtysk oeuvre. Hettinga dichte al yn ’e santiger jierren; krekt yn 1998 soe er it oandoare en stap mei syn debútbondel Akten fan winter út it skaad fan syn âldere dichtsjende broer Tsjêbbe.