'Oar hûs': in moetingsbondel fan Fryske en Deenske skriuwers om jin yn thús te fielen | Resinsje

Fryske keunstners, skriuwers, dichters fiele harren gauris ferbûn mei Skandinavië, ha ik it idee, sjogge harsels miskien as heale Wytsings, hawwe wat mei de talen fan it noarden, de skiednis, it skynsel fan de Aurora Borealis. Oars as de Hollanners: dat binne reserve-Dútsers! Dochs hawwe sokke dweperijen grif net de ynstek west fan Oar Hûs (Et Andet Hus), in twatalige sammelbondel mei diels nij wurk fan fjouwer Fryske en fiif Deenske dichters.

De Fryske dichters Syds Wiersma, Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar en Cornelis van der Wal.

De Fryske dichters Syds Wiersma, Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar en Cornelis van der Wal. Foto: Pieter Postma

De kontakten binne yn de rin fan de jierren lein troch hjoeddeistige Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en literêre fytser Geart Tigchelaar, dy’t yn 2015 nei Denemarken tôge en sûnttiid ûnder oaren proazadichter Carsten René Nielsen nei Fryslân helle.

Denen

Nieuws

menu