In prachtige leafdefolle en muzikale teaterjûn by Halbertsma | Resinsje

It wie de bedoeling, dat Rederikerskeamer Halbertsma dit jier de iepening fersoargje soe fan it jubeljier 600 fan it doarp Wergea. Dat kaam oars. It waard in prachtige útsetter mei de produksje It frije skiep. Mar leafst 150 jier lyn waard de rederikerskeamer oprjochte; destiids neamd nei de ferneamde dokter en skriuwer Eeltje Halbertsma. It selskip hat him opwurke ta in tige aktive feriening, dy ‘t brûst en de iene nei de oare útdaging oangiet. En dat is dizze kear ferhipte goede slagge.

It frije skiep, door Rederikerskeamer Halbertsma.

It frije skiep, door Rederikerskeamer Halbertsma. Foto: Rederikerskeamer Halbertsma

Der wenje nochal wat kreativelingen yn Wergea. Alle dissiplines oan in muzykteaterfoarstelling, lykas It frije skiep , basearre op de televyzjesearje ‘t Schaep met de 5 pooten , kinne ynfold wurde mei de ekspertise fan ‘eigen’ minsken. En dat is toch wol unyk te neamen. Halbertsma hat in treflike kar dien om dizze feelgood produksje as jubileumstik út te sykjen. De enerzjy en de wille spat der ôf. Foardat jo it yn de gaten ha is de foarstelling dien. It ferfeelt gjin momint.

Nieuws

menu