'De letterfretter' is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk | Resinsje
Nei trije jier as berneboeke-ambassadeur, droech jongerein- en berneboekeskriuwster Lida Dijkstra ôfrûne wike it stokje oer oan har opfolchster Tialda Hoogeveen. Dijkstra kaam yn har tiid as ambassadeur op rom 150 basisskoallen en skreau De letterfretter yn de wykeinen: ‘Dit boek woe net wachtsje’.

Letterfretten is in drang. Yllustraasje: Berber van den Brink
It ûntstean fan De letterfretter is dan ek direkt linke oan har ambassadeurskip, sei Dijkstra by har ôfskie: op de skoalbesites dy’t se de ôfrûne jierren die, foel it har op hoefolle muoite guon bern hawwe mei de lûden (klinkers) yn it Frysk. Yn De letterfretter jout hja no alle lûden in poadium mei in rymke dêr’t safolle mooglik wurden mei it oanbelangjende lûd yn ferwurke binne.