As je op inoars hûd sitte en der praat wurde moat. Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje Echt Wier!

Mei it stik Echt Wier! ferbrekt it teaterduo Jan Arendz en Marijke Geertsma nei twa jier de stilte. Letterlik en figuerlik.

Jan Arendz en Marijke Geertsma tidens de repetysjes fan it stik Echt Wier! yn de Frjentsjerter Koornbeurs. Se binne yn har deistige libben net allinne kollega’s mar ek man en frou.

Jan Arendz en Marijke Geertsma tidens de repetysjes fan it stik Echt Wier! yn de Frjentsjerter Koornbeurs. Se binne yn har deistige libben net allinne kollega’s mar ek man en frou. Foto: Catrinus van der Veen

Se hiene noch genôch ‘putsjes’ lizzen, dat de koroanatiid wie wol troch te kommen. Net op de planken? Och, dêr komme je ek wol wer oerhinne. Wat se wol mist ha? De gesichten. It praatsje fuortendaliks nei ôfrin fan in optreden. Wat fermakke? Thús alles goed? Hoe is it mei de frou? De man? Dat dus. Troch neat te ferfangen.

Nieuws

menu