Janneke Warringa bringt in sfearfolle jûn mei fertroude lieten yn in nije jas | Resinsje

Sjongeres Janneke Warringa is úteinset mei de tour fan har programma ‘Ferlet’ troch de provinsje. Sneon die sy Huzum oan.

Janneke Warringa

Janneke Warringa Foto: Linda van der Broek

It wie suver wat ûnwennich yn de monimintale doarpstjerke fan Huzum. It wie foar it earst sûnt de koroanatiid dat der in konsert organisearre waard yn de tsjerke, en boppedat, de klokken diene it ek wer. It oerwurk wie fêstrûn en it duorre efkes foardat de klokkemakker tiid fûn om it te werstellen. De tiid hat dus letterlik in skoft stil stien, en no koe it spul einlings fierder.

Nieuws

Meest gelezen