Hiske Oosterwijk lit jazz en Gysbert Japicx tikkeboartsje yn 'e Broeretsjerke yn Boalsert | Resinsje
De fan oarsprong Ljouwerter sjongeres Hiske Oosterwijk (1989) presintearre tongersdeitemiddei yn de Broeretsjerke fan Boalsert har tredde album Wurden. Mei dit album bringt se teksten fan de 17e-iuske Fryske dichter Gysbert Japicx op nije muzyk.

Hiske Oosterwijk Foto: Jan Lenting
Rieneke Speerstra, meiwurker fan it Gysbert Japicxhûs, fertelde wat oer it belang fan de dichter dy’t it Frysk yn syn tiid werombrocht as skriuwtaal. Hy keas bewust foar it Frysk en moast sa syn eigen stavering betinke. Der binne strjitten en skoallen nei him neamd, en fansels de wichtichste provinsjale literatuerpriis.
Direct verder lezen?