'Jelle en juf' is in fijn foarlêsboek foar beukers | Berneboekeresinsje

Der sit in spook op it stuoltsje fan Jelle. It spookje is makke fan in wyt lekken en as Koos it yn ‘e eagen pript, ropt it spook fan ‘Au! Bliuw fan my ôf!’ Juf wol begjinne en seit tsjin it Jellespook dat er no mar ûnder it lekken út komme moat. Mar dan komt Jelle de klasse yn: hy hat syn spook oeral socht en nimt it gau mei nei hûs ta!

Juf en de beukers by in ko.

Juf en de beukers by in ko. Yllustraasje: Mirjam van Houten

Sa sit dit nije printeboek fan Mirjam van Houten grôtfol ferrassende fynsten. As Jelle syn banaan ferjitten is, graaft er gewoan in tunnel yn ‘e sânbak dy’t útkomt by mem yn ‘e tún. Of hy pakt de tillefoan om better waar te bestellen, as juf dweiltrochwiet op skoalle komt en har ôffreget wa’t dit waar no wer besteld hat. De ferhalen sette útein út in werkenbere situaasje wei, om dan finaal te ûntspoaren omdat letterlik bart wat de lêzer figuerlik opfetten hie. En, oanpakker as er is: de tûke Jelle rêdt oeral mei en stelt sa net allinnich it hert fan juf mar ek dat fan de (foar)lêzer.

Nieuws

menu