Kabaret mei de geast fan Teake van der Meer | Resinsje

It gemis fan Frysk kabaret sa as fan Teake van der Meer is ien fan de driuwfearren fan Teater Kollektyf Griene Sjippe. Yn de foarstelling Bytsje minder bytsje mear komt ‘Lytse Teake’ ek noch efkes lâns.

Folkert Sijbrandij (l) en Renee Fokkema.

Folkert Sijbrandij (l) en Renee Fokkema. Foto: Griene Sjippe

It medium, in frou spile troch Folkert Sijbrandij, skarrelet om op in hôf om mei de minsken dy’t dêr lizze te praten. Sy drinkt in buorreltsje mei Rense Westra en fertelt oer de sunigens fan Fûle Sytse. En der is kontakt mei Lytse Teake. Wêrby’t it medium Teake witte lit dat se it mar nuver fynt dat hy safolle frouljustypkes spile. In fijn stikje selsspot.

Nieuws

menu