Willem Verf skriuwt in roman dy’t mei in orizjinele opbou en moaie taal sjen lit dat leafde en trou yn dit nuodlike tiidrek oer grinzen geane | Resinsje

Mei De wûndere leafde fan Emine en Einte skreau Willem Verf in tsjokke roman oer identiteit en loyaliteit. Kreatyf yn de breedte, krije yn de lingte de details soms de oerhân.

Skriuwer Willem Verf.

Skriuwer Willem Verf. Foto: Haye Bijlstra/ Tresoar

Einte Jongsma is IT-spesjalist, bassist en eks-krimineel út De Wâlden mei mar ien misje: der net mear wêze. Fanwege syn ferline as drugshanneler hat er finzen sitten en nei syn frijlitting út wraak syn opdrachtjouwer fermoarde.

Nieuws

menu