Masquerade Theater bringt 'Peer Gynt' mei sang, muzyk en dûns op in prachtplak yn Aldwâld | Resinsje

Sêne út 'Peer Gynt' troch Masquerade Theater. Foto: Masquerade Theater
De jongerein fan Masquerade Theater hat him fêstbiten yn it Noarske ferhaal fan Peer Gynt. Oan it iepenloftspul dat dit opsmiten hat, dogge jongfolk én folwoeksenen mei.
De lokaasje fan Peer Gynt troch de jongerein fan Masquerade Theater kin net moaier: in mearke-achtich dekôr yn it bosk, in grutte fiver mei in húske rjochts. Yn it wetter einen en in roeiboatsje en oan de oare kant fan de fiver in prieeltsje mei live muzyk.