'Minieme gebaren - Minym ferweech': Net it hypnotisearjende Tsjêbbe-Frysk, mar Van Lierysk | Resinsje

Peter van Lier is berne yn Noard-Brabân, mar wennet al sântjin jier yn Fryslân. Hy brocht koartlyn Minieme gebaren - Minym ferweech út, mei in seleksje fan út de sân Nederlânsktalige bondels dy’t er oant no ta útbrocht.

Peter van Lier

Peter van Lier Foto: Machteld van Buren - wikiportret.nl, CC BY-SA 4.0

It bysûndere oan dit oersjoch is dat fan elke keazen fers in Fryske oersetting makke is, troch Elske Schotanus. Bysûnder, omdat der wolris Fryske gedichten ferskine mei in Nederlânske oersetting derby, mar oarsom is seldsum. De reden foar dit ûndernimmen is dat Van Lier him wilens identifisearret as Frysk dichter.

Nieuws

menu