Oangripend lokaasjeteater yn in swart hok | Resinsje
Lokaasjeteater De Kas hat mei Gare de Lyon in goed brochte oangripende foarstelling makke oer leafde, hoop en miste kânsen.

Scène uit de voorstelling Gare de Lyon, gespeeld door Lokaasjeteater De Kas. Foto: Sicco de Ree
Jierrenlang stiet Gerard elke earste tiisdei fan it fearnsjier om tolve oere op it stasjon Gare de Lyon yn Parys. Earst om te wachtsjen op it weromkommen fan syn grutte leafde Rachelle. Letter, nei syn trouwen mei Jeannette, om oan Rachelle te tinken. Oant se der ynienen, hast in minskelibben letter, dochs stiet. Dat is de basis fan it oangripende ferhaal dat Lokaasjeteater De Kas bringt yn in swart hok oan de feart yn Wergea.