'Op hoop fan segen’ yn Suwâld is knap ferbylde yn iepenloftspul | Resinsje

Kin in toanielststik fan mear as hûndert jier âld noch wat oer ús, minsken fan hjoed, sizze? Selskip Kom mar op! fan Suwâld hat it weage en it premjêrepublyk begriep hiel goed dat lang net alle minsken rjocht dien wurdt: eartiids net en no ek net.

Anneke van den Akker als weduwevrouw Knierke yn iepenloftspul Op Hoop fan Segen yn Suwâld.

Anneke van den Akker als weduwevrouw Knierke yn iepenloftspul Op Hoop fan Segen yn Suwâld. Foto: Grytha Visser

Op hoop fan segen waard yn 1900 skreaun troch Herman Heijermans en is yn 1996 ferfryske troch Pyt en Tryntsje van der Zee. Kniertje, haadpersoan fan it stik en fiskersfrou, hat har man en har twa âldste soannen oan de see ferlern en no sille ek har beide jongere soannen it wetter op. Jild en sosjale druk twinge har.

Nieuws

Meest gelezen